Bûtenlânske telefyzjebedriuwen hawwe belangstelling foar Waadfilm 'Wad'

Amerikaanske en Kanadeeske telefyzjebedriuwen en de BBC hawwe belangstelling foar de film 'Wad'. Dat seit ekolooch en makker fan de film Ruben Smit. Smit hopet dat de ûnderhannelingen oer de ferkeap fan de film yn oktober klear binne. As de ferkeap trochgiet, soe dat in geweldige finansjele opstekker wêze. "Dan kan ik eindelijk rustig gaan slapen", seit Smit.
Seehûnepup © Shutterstock.com
De film oer it Waadgebiet hat sa'n oardel miljoen euro koste. Smit hat dat jild hielendal sels byinoar brocht. De earste film fan Smit 'De Nieuwe Wildernis', oer natuergebiet de Oostvaardersplassen, luts sa'n 800.000 besikers nei de bioskoop en wie in grut sukses. Mar neffens de filmmakker hat hy dêr oant no ta, om allegearre ferfelende redenen, gjin sint oan oerhâlden. Hy hopet dat dit mei syn nije film oars wêze sil.
Smit presintearre sneon yn Esonstêd ek in boek mei de titel 'Wad'. Dat boek jout in foto-ympresje fan it Waadgebiet. De ferskate foto's binne makke troch de Fryske fotograaf Ruurd Jelle van der Leij, dy't ek as kameraman oan de film meiwurke hat.
BBC hat belangstelling foar Waadfilm 'Wad'