Gemeenteried unanym akkoart mei plannen nij Cambuurstadion

18 jul 2018 - 21:12

De gemeenteried fan Ljouwert is woansdeitejûn unanym akkoart gien mei de fierdere ûntwikkeling fan de plannen foar in nij Cambuurstadion en de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet. It giet om in prinsipe-akkoart, yn ôfwachting fan de ynfolling fan de plannen.

Foto: SC Cambuur

Grutste soarch fan alle partijen is dat de detailhannel yn it gebiet gjin bedriging wêze moat foar de binnenstêd en winkelgebiet De Centrale. Ek wurdt frege om goed rekken te hâlden mei de soargen fan de njonkenlizzende Schrijversbuurt foar lûds- en ferkearsoerlêst. De fraach is noch wol oft it beslút fan de gemeenteried genôch garânsje foarmet foar ROC Friese Poort. Dy wol uterlik freed witte oft harren nije skoalle der komt.

Wethâlders ynnommen

Wethâlder Henk Deinum praat tongersdei mei it bestjoer fan de skoalle. Deinum en ek syn kollega Friso Douwstra toanden har tige ynnommen mei it riedsbeslút. Douwstra tanke de ried foar de unanime stipe. Deinum hie it oer in nij perspektyf.

Kommersjeel direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur

Wethâlder Henk Deinum fan de gemeente Ljouwert

(advertinsje)