Jentsje Popma bliid mei eksposysje yn Nijkleaster

29 okt 2016 - 14:27

De stichting Nijkleaster fiert dit wykein har fjirde jierdei mei in útstalling mei wurk fan Jentsje Popma. De 95-jierrige Fryske skilder hat syn atelier mei alle wurken dêryn oan de stichting skonken.

De stichting Nijkleaster rjochtet him op minsken dy't stilte, besinning en ferbining sykje. De stichting hat op dit stuit as útfalsbasis in boerepleats by Jorwert, mar siket nei in permanint plakje.

Trefwurden: 
Jentsje Popma Nijkleaster
(advertinsje)
(advertinsje)