Omrop Fryslân

RIVM meldt 648 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 648 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 40 minder as snein. Doe waarden 688 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 722 besmettingen meld yn Fryslân. Snein lei dat trochsneed op 762 besmettingen, in wike lyn op 826.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren 1 stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan Smellingerlân.
Der binne 3 Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Hearrenfean (1), Smellingerlân (1) en Tytsjerksteradiel (1).

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 13.844 It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 17.376.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.