Omrop TIP: Smokkelbern Joseph wie nearne thús

01 maaie 2021 - 10:54

Yn diel 3 fan de Fryslân DOK-searje Smokkelbern it libbensferhaal fan Joseph Schijveschuurder. Hoe't er ferdreaun rekket, neidat er as jong bern ûnderdûkt west hat. Nearne thús is te sjen op sneon 1 maaie by NPO2 en op snein 2 maaie by Omrop Fryslân.

In waarm thús

De lytse Joseph wurdt nei Fryslân smokkele, dêr't er ûnder de namme Jopie ûnderdak krijt by de famylje Venema yn Boalsert. Hy wie iennichst bern, mar no hat er in broer en trije sussen. Hjir fynt er in waarm thús.

Joseph Schijveschuurder as lytse jonge - Foto: Omrop Fryslân

Net lokkich

Nei de befrijing blykt dat syn Joadske âlders omkommen binne. De Rijkscommissie Oorlogspleegkinderen (OPK) beslút dat Joseph it bêste yn in heal-Joadsk pleechfamylje yn Amsterdam ûnderbrocht wurde kin. Mar dêr is er net lokkich. It wurdt noch dreger as dizze famylje him nei in ynternaat stjoert yn East-Dútslân.

De skoaljonge Joseph - Foto: Omrop Fryslân

Fan Dresden werom nei Boalsert

Joseph wennet no yn Dresden mei syn Dútske frou Elfi. Oan syn oarlochstrauma hat er in soad klachten oerholden. Hy sliept min. Harren soan Mario hat him mei syn famylje ferrassend genôch yn Boalsert fêstige. Hy siket aktyf nei syn famyljeskiednis en krijt it foarinoar it dossier fan syn heit by it OPK yn Haarlem yn te sjen. Dat blykt foar him én syn heit in tal belangrike dokuminten te befetsjen.

Joseph Schijveschuurder - Foto: Omrop Fryslân

Smokkelbern Fryslân DOK en podcast

De Fryslân DOK-searje Smokkelbern, besteande út fiif dokumintêres en in podcastsearje, fertelt it ferhaal fan de hûnderten Joadske bern dy't yn de Twadde Wrâldoarloch fan Amsterdam nei Fryslân smokkele binne.

Mario Schijveschuurder mei de Venema's - Foto: Omrop Fryslân

Smokkelbern is in searje yn it ramt fan 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in projekt fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.

Projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK Smokkelbern diel 3: Nearne thús

Sneon 1 maaie NPO2 15.30 oere (werhelling 2 maaie 13.10 oere)

Snein 2 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

Fryslân DOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

Mear ferhalen en ynterviews? Harkje nei Smokkelbern, de podcast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)