Tûzenen Cambuursupporters negearje coronaregels by promoasjefeest

16 apr 2021 - 23:34

Tûzenen supporters fan SC Cambuur ha freedtejûn de offisjeuze promoasje fan har klup fierd op it Cambuurplein bûten it stadion. Dêrby waarden de coronaregels en de jûnsklok manmachtich negearre. Der waard ek net hanthavene.

Feest op it Cambuurplein

Al doe't de wedstriid noch dwaande wie, waard it drok by it stadion. Yn de stadions binne al moannen gjin supporters mear wolkom fanwege de coronamaatregels. Doe't yn de twadde helte dúdlik wie dat it net mear misgean soe, waard ek al in soad fjoerwurk ôfstutsen. Nei de wedstriid stie it plein hielendal fol.

Buma tefreden

Trainer Henk de Jong en de seleksje fan Cambuur toanden har op it bordes by it stadion oan it publyk. De Jong die doe ek in oprop oan de supporters om nei hûs te gean. Tusken 22.30 en 23.00 oere rûn it plein gau leech. Boargemaster Buma liet him even sjen yn it Cambuurstadion om de klup te lokwinskjen. Hy is tefreden oer it ferrin fan de jûn.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal promoasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)