Problemen mei Aldehou: lizzers ûnder flier ferrustke en skuorren yn mitselwurk

16 feb 2021 - 11:18

Der binne problemen mei de konstruksje fan de Aldehou yn Ljouwert. Dat meldt de gemeente. De lizzers ûnder de flier yn de toer binne ferrustke, en troch lekkerij binne der skuorren yn it mitselwurk ûntstien.

De skuorren yn de Aldehou

De problemen binne foar it ljocht kaam by ûnderhâld oan de toer. "Door de wijze waarop de vloer is gebouwd in 1910 is het noodzakelijk om de vloer en constructie geheel te vervangen", meldt de gemeente.

De belangrykste draachkonstruksje fan de ynterne klokkestoel wurdt restaurearre en konservearre. Besteand mitselwurk wurdt rekonstruearre, mei help fan stielen draachbalken en nije bakstiennen dy't by de âlde passe. De gemeente meldt dat de Rijksdienst Cultureel Erfgoed grien ljocht jûn hat foar de renovaasje.

Foto: CAMJO Media
Trefwurden: 
Ljouwert Aldehou renovaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)