SC Hearrenfean belibbet kreaze kompetysjestart mei winst op Willem II
Sportklup Hearrenfean is sneontejûn goed begûn oan it nije earedifyzjeseizoen. Yn it eigen Abe Lenstra Stadion wûn de ploech fan trainer Johnny Jansen mei 2-0 fan Willem II út Tilburg. Doelpuntemakkers by de Fryske ploech wiene Lukas Woudenberg en Pawel Bochniewicz.

Yn it earste kertier krigen sawol Hearrenfean as Willem II ien kâns, mar efkes letter stie it earste kompetysjedoelpunt fan it nije seizoen op it boerd. Lukas Woudenberg fan SC Hearrenfean skoarde en notearre de 1-0 foarsprong foar de thúsploech. Yn it ferfolch fan de earste helte krigen de goed 4.000 supporters gjin grutte kânsen mear te sjen.
Bûtenspulgoal
Al rap nei it skoft lei de bal yn it doel fan keeper Erwin Mulder, mar Vangelis Pavlidis fan Willem II skeat fanút bûtenspulposysje. Skiedsrjochter Richard Martens karde it doelpunt dan ek ôf.
Dêrnei waard Hearrenfean driigjend; mei kânsen fan Henk Veerman en Pawel Bochniewicz. Dy lêste krige de bal yn de 75ste minút op 'e holle en seach de bal achter keeper Robbin Ruiter ferdwinen: 2-0 foar SC Hearrenfean.
Slotfaze sûnder doelpunten
Willem II hie yn de hiele wedstriid mar in hantsjefol kânsen hân, mar waard nei de ein ta wol gefaarliker. De Tilburgers makken it lykwols net ôf of kamen keeper Mulder tsjin. Ek Sieben Dewaele fan Hearrenfean krige de bal noch foar it ynsjitten, mar rekke doelman Ruiter.
Takom wike sneon komt Sportklup Hearrenfean yn aksje yn de twadde kompetysjeronde. Dan spilet de ploech fan trainer Johnny Jansen tsjin Fortuna Sittard.
SC Hearrenfean - Willem II 2-0 (1-0) 22. Woudenberg 1-0, 75. Bochniewicz 2-0.
Opstelling Hearrenfean: Mulder, Floranus, Bochniewicz, Dresevic (46. Akujobi), Woudenberg, Kongolo, Batista Meier (74. Hajal), J. Veerman, Driouech (71. Dewaele), H. Veerman, Van der Heide.