Fragen oer nije eksploitant sinnepark noardlik fan Oerterp oan de Feart
De fraksje fan BAS yn Opsterlân hat fragen oan it kolleezje steld oer it sinnepark dat op de Lippe Gabriëlsplasse komme moat, noardlik fan it buorskip Oerterp oan de Feart. De Spaanske ynvestearder Univergy Solar soe him weromlutsen hawwe foar de oanlis en eksploitaasje. Yn stee dêrfan soe GroenLeven fan It Hearrenfean it oernimme.
BAS Opsterlân wol witte wat de stân fan saken op dit stuit is. Ek is de fraksje benijd hoe't it no sit mei de fergunning en de subsydzje dy't foar Univergy Solar ôfjûn wie. It kolleezje makke op 2 july bekend dat de fergunning rûn wie. De fraksje hopet dat ôfspraken en tasizzingen oan Oerterp neikommen wurde.
Twa jier lyn gie de ried fan Opsterlân akkoart mei it plan foar in driuwend sinnepark fan 38.500 panielen. Der wie lykwols in soad wjerstân, mei om't der net goed omgien waard mei de winsken fan it doarp en ek om't der soargen wiene oer de fûgels yn de plasse.