Bûtengebiet yn gemeente Ljouwert krijt ek glêsfezel
It bûtengebiet yn de gemeente Ljouwert krijt ek de beskikking oer glêsfezel. Dêr hat de gemeente ôfspraken oer makke mei kabelbedriuw Kabelnoord. Mei elkoar wurde sa'n tûzen adressen oansletten op it glêsfezelnet.
De ôfrûne jierren binne hieltyd mear adressen oansletten op it net. De bedoeling is dat takom jier njoggentich persint fan it bûtengebiet yn hiel Fryslân rap ynternet hat.
Ljouwert is ien fan de lêste gemeenten dêr't dat noch dien wurde moat. Minsken dy't yn it Ljouwerter bûtengebiet noch net oansletten binne, kinne har dêr noch foar oanmelde.