Oriïntaasje op it fersterkjen fan de Waadseedyk set útein
Wetterskip Fryslân set woansdei útein mei it ferkennen fan it wurk oan de Waadseedyk tusken Koehoal en De Lauwersmar. Dizze dykfersterking is in part fan it 'Hoogwaterbeschermingsprogramma' fan it Ryk. It wurk moat yn 2023 úteinsette en duorret oant 2028, mar om't it projekt kombinearre wurdt mei ferbetterjen fan lânskip en natuer moat der noch hiel wat oerlis folgje.
Bestjoerder Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân fertelt wêrom't it projekt nedich is: "Wy beoardiele om de safolle tiid de seediken. Dat dogge wy yn hiel Nederlân, mar wy binne fansels ferantwurdlik foar de Fryske diken. Dêr die út bliken dat wy fersterkje moatte foar de takomst. Klimaatferoaring giet troch en in dyk is ek oanhelle mei slitaazje. Op in gegeven momint moat it oanpakt wurde."
Ferskate opjeften
It projekt moat sa'n 300 miljoen euro kostje. Dêrom is it wichtich om goed te bepraten wêr't it jild nei ta giet. "It is no in ferkenningsfaze, wy oriïntearje ús noch. De dyk is ôfkard op in tal ûnderdielen, mar hoe't wy it oanpakke en hokker maatregels wy nimme, dat moat de kommende jierren dúdlik wurde. Der leit njonken dizze opjefte ek in ekologyske opjefte fan Rykswettersteat. By dy natuerdoelen is ek It Fryske Gea belutsen. Mar ek gemeenten en lânbou dogge mei. Dus mei ferskate partijen of stakeholders foarmje wy in stjoergroep om ôf te waagjen wat wy dwaan kinne. Ek it projekt Holwerd aan Zee falt bygelyks binnen dit projekt."
De gearkomste fan woansdeitejûn is digitaal, eltsenien dy't wol kin meidwaan. "Oars soene wy in seal hawwe dêr't eltsenien byinoar komt om yn petear te gean, mar no moat it op dizze wize fanwegen it coronafirus. Eltsenien krijt de gelegenheid om digitaal opmerkingen te meitsjen. Dêr is in systeem foar makke, om fragen te beäntwurdzjen."
Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân