Omrop Fryslân

Folle drokker yn Jopie Huisman Museum, mar min foarseizoen noch net goedmakke

It is dizze simmer folle drokker as oars yn it Jopie Huisman Museum yn Warkum. Der meie op it stuit fanwege corona mar hûndert besikers tagelyk it museum yn en dat oantal is eins de hiele dei yn it museum te finen. It makket it ferlerne foarseizoen noch net wer goed, mar it helpt wol, sa seit Alie Bakker fan it museum.
Folle drokker as oars yn Jopie Huisman museum
In besite oan it museum sjocht der op it stuit wol krekt wat oars út as oars. Sa is der mar ien yngong beskikber, steane der stikkers op de flier en moatte je somtiden bûten wachtsje om't it binnen te drok is.
"Wy hawwe hûndert audiotoerapparaten beskikber en as dy op binne dan mei der net ien mear binnen. En dat hat der al in pear kear foar soarge dat der lange rigen bûten stiene." De wachttiid wie dan neffens Bakker nea mear as tsien minuten, mar it seit wol in soad oer de grutte belangstelling.
Bakker: "It fernuvere ús eins wol wat. It is tige drok yn Warkum, mar dat hat alles te krijen mei it moaie waar. Mar nettsjinsteande dat moaie waar komme de minsken dizze simmer ek graach efkes it museum yn."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It coronafirus soarge derfoar dat it folsleine foarseizoen ferlern gie. En doe't it museum einliks wer iepen mocht, gie dat op heale krêft. "Us frijwilligers sitte yn de risikogroep en dêr woene we wol foarsichtich mei wêze, fansels."
En dus wiene se earst mar fjouwer oeren op in dei iepen. "En it rûn stoarm. Minsken woene allegearre tagelyk komme. Gelokkich koene we yn july en augustus wer hiele dagen draaie. Dêrtroch koene we de minsken dochs wat better spriede."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Mar hoe goed oft it no ek giet, it is perfoarst net sa dat no it ferlies fan it foarseizoen wer ynhelle is. Bakker: "Dêrfoar moatte we hoopje dat minsken noch efkes op fakânsje gean bliuwe yn eigen lân. En dat we ek it neiseizoen sa trochdraaie kinne."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.