UPDATE: Treinferkear tusken Akkrum en Grou-Jirnsum komt wer op gong
It treinferkear tusken Akkrum en Grou-Jirnsum is wer op gong kaam. De spoarbrêge op dat trajekt hie moandeitemiddei sûnt 14.30 oere te krijen mei in steuring. De oarsaak fan it defekt is net bekend.

De NS sette stopbussen tusken Akkrum, Grou-Jirnsum en Ljouwert yn om strâne rizigers te ferfieren.