Skilderij Rembrandt bringt 14 miljoen op: selsportret mei Frysk rântsje?
In selsportret fan Rembrandt van Rijn út 1632 hat tiisdeitejûn hast 14 miljoen euro opbracht. It skilderij waard oanbean by it feilinghûs Sotheby's yn Londen. It ferhaal giet dat Rembrandt it skilderij makke hat foar syn lettere frou Saskia Uylenburgh (1612-1642), dy't út Ljouwert wei kaam. Bewiis foar it ferhaal is der net, mar de bekende skilder soe it makke hawwe om syn takomstige Fryske skoanfamylje te ymponearjen.
Rembrandt hat it makke doe't er noch mar 26 jier âld wie. Hy hat in swarte hoed op mei in wite kraach. Der binne net in soad oare portretten wêrop't de bekende skilder sokke nette klean oan hat. It ferhaal giet dat Rembrandt him presintearje woe as in boarger dy't it goed foarinoar hie.
Maklik nei Fryslân te stjoeren
Mooglik soe hy himsels sa skildere hawwe om de famylje fan Saskia derfan te oertsjûgjen dat hy in goeie partij wie foar de jonge Saskia. Bysûnder is dat it paniel mar 22 by 16 sintimeter is. Mei dat formaat soe it goed nei Fryslân te stjoeren wêze, sa giet it ferhaal. Rembrandt en Saskia hiene inoar moete yn Amsterdam en koene inoar fia in neef fan Saskia, Hendrick Uylenburgh, dy't keunsthanneler wie.
Feilinghûs Sotheby's skreau der oer: "His soon-to-be betrothed, Saskia van Uylenburgh, returned to her native Leeuwaerden in faraway Friesland to visit her relatives. Thus, an intriguing possibility is that Rembrandt painted this small-scale, easily portable work for her to take with her, both as a keepsake and to show to her suspicious Mennonite relatives that her smartly-dressed intended was a prosperous and suitable husband and her social equal."