Operaasje Fryske Flagge: help de Fryske flagge de hiele wrâld oer

De Fryske flagge is foar in soad Friezen in wichtich symboal. Wannear't sy de pompeblêden sjogge, begjint harren hert rapper te slaan. En dy Fryske flagge komst oeral op 'e wrâld tsjin, want oeral binne Friezen. Omrop Fryslân ropt Friezen-om-utens no op om foto's mei in Fryske flagge op 'e online kaart te setten. Mei as doel: in eigen emoji fan de Fryske flagge op 'e smartphone te krijen.
Ynternetredakteur Ronald van der Pol fertelt oer Operaasje Fryske Flagge:
Operaasje Fryske Flagge: help de Fryske flagge de hiele wrâld oer
Om sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is, begjint Omrop Fryslân mei 'Operaasje Fryske Flagge'. It doel is om foto's te sammeljen fan Friezen-om-utens fan oer de hiele wrâld, fansels mei in Fryske flagge yn 'e hannen. It ultime doel is om foar inoar te krijen dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Minsken dy't Friezen-om-utens kenne yn 'e freone- of famyjekring wurde frege om dit berjocht troch te stjoeren. Dêrtroch kinne der safolle mooglik minsken berikt wurde.

Sa wurket it

Op de spesjale webside www.omropfryslan.nl/fryskeflagge stiet de kaart mei útlis. Minsken kinne sels op 'e kaart in foto mei ferhaal uploade. Dêrnei kart de redaksje fan Omrop Fryslân de ynstjoering goed. It duorret dus efkes foardat it resultaat te sjen is. Minsken dy't help nedich hawwe, kinne in Whatsapp-berjocht stjoere nei de onlineredaksje fan Omrop Fryslan: 06-82214741.
© Omrop Fryslân