Omrop Fryslân

Dit binne de Fryske foto’s foar de lanlike foto-tentoanstelling oer de oarloch

Der binne sân foto's út Fryslân selektearre foar it lanlike projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's. Alle provinsjes hawwe in bydrage levere oan de tentoanstelling. It giet om bylden dy't de oarloch sichtber en ynfielber meitsje.
It projekt is opset troch it NIOD (Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies), om't Nederlân dit jier 75 jier befrijd is. It wurdt dien yn opdracht fan Platform WO2 en is mei mooglik makke troch it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en it vfonds.
Alle provinsjes hawwe oarlochsfoto's oanlevere dêr't eltsenien op stimme koe. De Fryske seleksje oarlochsfoto's is keazen troch Tresoar, Fries Verzetsmuseum, Historisch Centrum Leeuwarden, Provinsje Fryslân, Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân. Op 15 jannewaris binne de foto's út ús provinsje presintearre. In boargerfoarum ûnder Khadija Arib hat úteinlik de 100 foto's keazen foar de lanlike útstalling. Neffens de organisaasje 'geven deze foto's een uniek inzicht hoe we vandaag de dag in Nederland naar de jaren van oorlog en bezetting kijken.'

'Oog in oog met de oorlog'

De Fryske foto's binne (as de maatregels tsjin it coronafirus it talitte) tusken 6 juny en 6 septimber te sjen yn it Fries Verzetsmuseum yn de tentoanstelling Oog in oog met de oorlog. Dy is mei mooglik makke troch Provinsje Fryslân en Stichting Friesland 1940-1945. Dêr binne bekende en minder bekende ferhalen yn te sjen út de jierren fan de besetting.
Op 4 maaie komme de foto's op www.in100fotos.nl en de NOS sil nei de deadebetinking in telefyzjeprogramma útstjoere oer it projekt op NPO2 om 20.35 oere.
Dit binne de 7 foto's út Fryslân dy't keazen binne foar de tentoanstelling:
Leden fan de Nederlandse Arbeidsdienst by Warkum
© Fries Verzetsmuseum
Sy foarmje in lange rige, de leden fan de Nederlandse Arbeidsdienst (NAD). Yn likense trêd stappe de manlju troch de polder by Warkum. De NAD-leden drage skeppen op de skouders, as wiene it gewearen. Efter harren de reiddekke Ho-mole oan de Homolefeart. De mole is al lang ferdwûn, hjoed-de-dei leit op dit plak ien fan de sportfjilden fan V.V. Workum, njonken de Sudergoawei.

Eksersearje mei de skeppe

It omtôgjen mei skeppen is it symboal fan de NAD, in organisaasje dy't yn 1941 oprjochte is troch de besetter. De manlju wurkje by it oanlizzen fan diken en kanalen en yn de lânbou. Dochs wurde se sa ek oplaat foar bygelyks it graven fan fjochtgroppen. De NAD wurket earst mei frijwilligers, mar fan 1942 ôf binne jongelju ferplichte. It duorret net lang foar't de organisaasje ûnder nasjonaalsosjalistyske ynfloed komt. De oplieding hat in sterk militêr karakter, dêr heart it eksersearjen ek by.
NAD-leden sliepe yn kampen, njoggen yn Fryslân. Kamp Warkum hjit ek wol 'It Romme Fjild.' Yn 1944 skriuwt in krante nei in besite: "Wat de jongens leeren is: absolute gehoorzaamheid. Een bevel is een bevel en dat dient te worden opgevolgd. Misschien is dat niet altijd even aangenaam - het leven vraagt echter ook niet naar prettig of verdrietig, doch stelt zijn eischen, waaraan we eenvoudig hebben te voldoen."
Benjamin Raphaël en Jansje Pais
© Griet de Jong (Tresoar, Fries Fotoarchief)
It is goed mooglik dat dit de lêste foto is fan Benjamin Raphaël Pais en syn suske Jansje. Sy laitsje nei de fotograaf, mar de Joadestjer op harren klean jout al in tinken fan wat der mei harren barre sil. De foto is yn 1942 makke oan de Noarderhaven yn Harns. Dêr wenje sy mei harren âlders Raphaël Pais en Roosje Pais-Cohen. Op 23 novimber binne de bern en Roosje fermoarde yn konsintraasjekamp Auschwitz. Heit Raphaël libbet noch trije moannen, mar komt op 28 febrewaris 1943 om yn itselde kamp.
Der wennen 47 Joadske minsken yn Harns. Mar ien dêrfan hat de oarloch oerlibbe.
Pier Nobach is finzen nommen troch de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten fan Smellingerlân
© Tresoar (Fries Fotoarchief)
Grimmitich sjocht er de kamera yn, Pier Nobach (1882-1965). Syn hannen binne fêstbûn, om it skouder hinget it NSB-logo. Nobach wennet krekt oer de grins yn Doezum en is NSB'er. Hy is berucht yn it Frysk-Grinzer grinsgebiet. It giet minsken kâld oer de lea as se syn namme hearre.

Duvel fan it Westerkwartier

Nobach syn frou is Dútsk en syn sweager is Ortskommandant. Sels is er ynformant foar de Sicherheitsdienst (SD). Hy waarmet him oan de macht dy't om him hinne hinget. As Nobach fynt dat ien nei Dútslân moat, dan wurdt dat regele. Hy stiet yn it eastlik Fryslân bekend as 'de duvel fan it Westerkwartier.'

Ferjilding foar de dea

Yn 1943 besiket it ferset Nobach út te skeakeljen. Dêr komt syn soan by om it libben. Nobach is troch it lilke hinne en tinkt dat it ferset fan Surhústerfean ferantwurdlik is foar de dea fan syn soan. As ferjilding lit hy twa manlju eksekutearje. Letter folget in razzia: 38 minsken wurde nei Kamp Vught brocht, twa manlju komme om.
Op 15 april 1945 arrestearret de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten Nobach yn de Surhuzumer Mieden. Hy wurdt feroardiele ta in libbenslange finzenisstraf. Dochs wurdt Nobach nei in pear moannen alwer frijlitten, fanwege syn minne tastân. Hy ferstjert yn 1965 yn Zaltbommel.
De ôffierploech fan de bekende fersetsdied 'De Oerfal'
© Tresoar (Fries Fotoarchief)
Dit is in foto dy't heart by ien fan de meast bekende Fryske fersetsdieden yn de oarloch, dêr't al in soad oer skreaun is: 'De Oerfal.' Op 8 desimber 1944 kinne 51 minsken fan it ferset troch de KP befrijd wurde út de finzenis yn Ljouwert, de Blokhúspoarte. De ôffierploech op de foto soarget derfoar dat alle minsken in feilich ûnderdak krije. It is in spektakulêre ûntsnapping, sûnder dat der ek mar ien skot lost wurdt.
De oanlieding foar de befrijingsoperaasje wie in arrestaasje fan ferskate fersetsminsken dy't in soad wisten oer it ferset. As dy ferheard wurde soene, koene sy trochslaan. Troch te dwaan as wiene se plysjeminsken mei sabeare arrestanten, koene de fersetslju de finzenis binnenkomme. Alles gie goed, ek doe't leden fan de Sicherheitsdienst ynienen mei de echte arrestanten oan de poarte stiene. It slagge harren om se te oermasterjen.
De Dútske besetter koe de befrije finzenen net mear fine en in ferjildingsaksje hat der net west.
De stoflike omskotten fan de eksekutearre fersetsminsken by Dronryp, wurde mei hynder en wein fuortbrocht.
© Fries Verzetsmuseum
As represaille foar sabotaazje oan it spoar wurdt in groep leden fan de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten fêstset yn it Burmaniahûs yn Ljouwert. Op befel fan de Sicherheitsdienst moatte de 12 fersetslju mei noch twa oaren eksekutearre wurde tusken Dronryp en Frjentsjer.

In hege priis foar frijheid

By Dronryp is de brêge ophelle en om't der Ingelske fleantugen omsweve, beslute de Dútsers de eksekúsje fuortendaalks te dwaan. Yn groepkes fan fjouwer wurde de finzenen by de brêge nei ûnderen begelaat. Dêr wurde 13 man fermoarde. De 14e man is Gerard de Jong. Hy rekket ferwûne, mar hâldt him dea en kin dêrnei útnaaie.
De stoflike omskotten bliuwe in dei tsjin de wâlkant lizzen. Dêrnei wurde sy yn in massagrêf lein. Dêr is gjin publyk by, om't net ien fierder wit dat der noch in 14e man is dy't it oerlibbe hat. In wike letter komt de befrijing. De slachtoffers wurde dêrnei opnij begroeven, mei grutte belangstelling. Mei de jonge libbens is, flak foar de befrijing in hege priis betelle foar de frijheid.
In Ljouwerter jiske-auto op hynstekrêft
© Leeuwarder Courant (Historisch Centrum Leeuwarden)
Yn de tiid fan de besetting ûntstiet der in benzinetekoart. Wat der noch is oan brânstof, is bestimd foar de Dútske besetter. Autobesitters wurde lykwols ynventyf en dat makket dat guon auto's en bussen yn de oarloch op gas ride. Minsken montearje gasgeneratoaren op auto's dy't mei koalen, hout of sels turf stookt wurde.
Net alle minsken hawwe de middels om harren auto's op gas ride te litten. Dêrom helje guon minsken âlderwetske hynstekrêft út 'e kast. Dizze foto toant in jiskewein fan de gemeente Ljouwerteradiel. Yn 1936 wie de gemeente grutsk op de oanskaf fan dizze Ford V8. Mar om't der nei de Dútske ynfal min oan benzine te kommen is, moat de gemeente oergean ta in needsprong: hynders foar de motorkap. De foto is makke yn de Gymnasiumstrjitte yn Huzum, nei alle gedachten yn 1941.
In Ingelske fleaner krijt in grêf op Skiermûntseach
© Sake van der Werff (Fries Verzetsmuseum)
In Ingelske fleaner krijt in lêste rêstplak op tsjerkhôf Vredenhof op Skiermûntseach. Boppe it eilân is yn de tiid fan de besetting in loftoarloch. Dy easket tal fan minskelibbens. De fleaners dy't sneuvele binne, krije op Skiermûntseach in plak op Vredenhof.

Deaden binne gjin fijân mear

It hôf tusken de dúnen is bysûnder om't allerhanne slachtoffers trochinoar lizze: alliearden, mar ek Dútske militêren. Tusken 1941 en 1944 spiele der goed 60 fleaners oan. Mei tank oan hoteleigener Sake van der Werff (1870-1955) krije de drinkeldeaden in begraffenis mei militêre eare. Hy makket fan eltse begraffenis in foto. En de deaden binne gjin fijân mear, fynt Van der Werff. Dus komme se njonken inoar op ien hôf. Yn de Twadde Wrâldoarloch binne dêr 70 slachtoffers begroeven.
Op it hôf leit in gedicht fan Lammert Wiersma:
Fredenhaf:
Ienfaldich is it graf, maar ieuwral leit de stilte.
Wat krimpe, in blom, in strúk, in krús.
Hier sjongt de lets syn liet, hier rieuwzje saft de halmen.
Al is 't yn fraimden greeuwn, hy is tach feilich thús.
Alle Fryske foto's binne earder publisearre yn ús rige De oarloch yn Fryske foto's, dy ferhalen binne op dit plak werom te finen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.