Rêstich yn de tún wurkje kin no't Frisian Flag net trochgiet

Yn alle rêst wurkje yn de tún, of kofjedrinke en tagelyk in praatsje meitsje. Yn dizze perioade soe dat oan it begjin fan de moarn en middei yn Marsum, Jelsum en Koarnjum hast ûnmooglik wêze. Mar no't de ynternasjonale fleanoefening Frisian Flag net trochgiet, is de rêst weromkeard yn de doarpen.
Frisian Flag
Ein maart en begjin april betsjut elts jier topdrokte op de fleanbasis Ljouwert. Dan wurdt dêr de grutte ynternasjonale oefening Frisian Flag organisearre. It betsjut dat der deis sa'n 100 starts en lânings binne. De oefening is fanwege de coronakrisis skrast. Yn de omlizzende doarpen binne se der wiis mei, sa seit Geert Verf fan doarpsbelang Marsum: "Ja, it is hearlik. Lêst sei al ien tsjin my dat hy mei dit moaie waar no noflik yn de tún kofje drinke kin. Dat kin oars as de oefening rint net."

Ympakt op training fleaners

It is net dat der no net flein wurdt. Alle dagen wurdt oefene mei de F-16's en de F-35's, seit Henk Doorten, kommandant fan de fleanbasis: "We moeten geoefend blijven. We hebben ons trainingsprogramma wel flink aangepast. We werken op de basis ook in shifts, zodat we daar goed afstand kunnen bewaren." Neffens him is it tige wichtich dat de fleaners goed traind bliuwe.
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
De oefening Frisian Flag is fan grut belang foar de training fan de fleaners. "Die oefening is erg belangrijk en dat deel valt nu weg. Dat heeft impact op de getraindheid van de vliegers. Eenmalig zo'n oefening missen, valt op te vangen, maar houdt dit langer aan dan heeft dit steeds verdere gevolgen."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Oefenje mei de Frânsen

Der wurdt dochs al ynternasjonaal oefene. It Frânske fleandekskip Charles de Gaulle dat meidwaan soe oan Frisian Flag is al gewoan kaam. It jout de Nederlanners de kâns om te oefenjen mei de Frânsen en ûnder oaren ek de Dútsers. Doorten: "Het is wel een ander trainingsprogramma. We hebben 'm wel afgestemd op Frisian Flag, alleen met een alternatief scenario. Zo proberen we er als landen samen een zo hoog mogelijk rendement uit te halen."
Doorten tinkt net dat der dit jier noch in grutte ynternasjonale oefening hâlden wurdt op Ljouwert: "Zeker niet een soort van mini-Frisian Flag." Dêr giet in soad tiid en tarieding yn sitten. It hinget der neffens him hielendal fanôf hoelang't dizze situaasje oanhâlden bliuwt. Doorten: "Is dat lang dan gaan we aan het einde van het jaar ons oefenprogramma niet opvoeren. Is het wat korter dan gaan we kijken naar wat de 'schade' is aan de achterstand in trainingsarbeid."

Bytsje spitich

Alhoewol't Verf genietet fan de rêst yn it doarp, fynt hy it oan de oare kant ek wol wer spitich: "Dit jier die dus dat fleandekskip mei. Dat wie foar ús en de kommisje-lûdshinder no krekt in moaie oanlieding om te sjen oft je sa'n oefening net allinnich fan Ljouwert ôf organisearje kinne. Want njonken de Frânsen op see soene der ek Amearikanen meidwaan dy't út Ingelân wei fleane. We hiene graach sjoen wat it effekt wie. Want, yn dy 14 dagen 2.000 starts sa ûngefear, dat is echt in soad."