Omrop Fryslân

Aksje foar nij te bouwen kleaster Nijkleaster-Westerhûs

Stichting Nijkleaster fiert aksje om de duorsumensmaatregels en de ynrjochting fan in nij te bouwen kleaster betelje te kinnen. Se wolle it jild brûke foar ûnder oare sinnepanielen en in duorsum wettersysteem. Op de lokaasje Westerhûs - tusken Jorwert, Hilaard, Jellum-Bears en Weidum - wurdt in pleats omboud ta in kleaster.
De lokaasje fan it nije kleaster
© Omrop Fryslân
It nije kleaster biedt yn de earste faze plak oan trije permaninte wenningen en seis gastekeamers foar maksimaal tolve gasten dy't in pear dagen meilibje wolle yn it ritme fan in kleaster. Yn de lêste faze is der plak foar sân wenningen en tolve gastekeamers.

Symboalysk in stoel keapje

Yn de ôfrûne jierren hat Nijkleaster in soad jild binnen krigen fan tsjerken, oerheden, fûnsen en oare organisaasjes. Dêrmei kin de earste faze realisearre wurde, mar foar de twadde is it net genôch. Dêrom ha se in crowdfundingsaksje opset. "Minsken kinne yn de webwinkel op de webside symboalysk bygelyks in sinnepaniel, stoel of tafel keapje en dêrmei de ynrjochting en duorsumheid fan it kleaster mei mooglik meitsjen", fertelt bestjoerslid Henk Kroes.
Nijkleaster wol in plak wêze fan stilte, besinning en ferbining, dêr't minsken ta rêst komme kinne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.