Omrop Fryslân

FIDEO: Wat is der bard op stasjon Ljouwert?

It wie ien en al konsternaasje op stasjon Ljouwert. Yn de trein út Starum waard in fertochte jerrycan fûn dy't yn in rêchsek siet. Letter op de dei die bliken dat der gjin gefaarlik guod yn stiet, mar fanwege de fynst is wol de Explosieven Opruimingsdienst ynskeakele en it stasjon folslein ôfsletten. In 68-jierrige man fan Starum is oanholden. Mooglik hat hy mei opsetsin brân feroarsaakje wollen. It stasjon is letter op de middei wer frijjûn.
FIDEO dit is der hjoed bard yn Ljouwert

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.