Omrop Fryslân

Aggie van der Meer (92) wint Gysbert Japicxpriis

De Gysbert Japicxpriis giet dit jier nei Aggie van der Meer (92). Kultuerdeputearre Sietske Poepjes gie woansdeitemoarn by de skriuwster thús yn Boalsert del om har it blide nijs te fertellen. Van der Meer wint de priis foar har folsleine oeuvre.
© Omrop Fryslân
Ien fan de pearels yn it oeuvre fan Van der Meer is De Achttjin, dat fertelt oer Ferenc Hacha, dy't fan Joadske ôfkomst is. Hy is lid fan it politburo fan Tsjechoslowakije yn de perioade dat de Tsjechoslowaakske studint Jan Palach himsels, as protest tsjin de Russyske ynfal, yn 'e brân stekt. Dit docht hy om in ein te meitsjen oan de Praachske Maitiid. Van der Meer kaam op it idee foar de roman nei it sjen fan in film oer it proses tsjin Jan Palach.

Nominearren

De nominearren foar de priis wiene Hein Jaap Hilarides, Aggie van der Meer, Elske Schotanus, Nyk de Vries en Ale S. van Zandbergen. Sy waarden selektearre troch in sjuery dy't yn dizze perioade bestiet út Grytsje Schaaf, Houkje Rijpstra en Atte Jongstra. Se beoardielen santich Fryske boeken út de perioade 2015-2018.
Aggie van der Meer is skriuwster fan poëzy, romans en novellen, mar skriuwt ek toanielstikken. Yn 1964 kaam der in berneboek fan har út. Yn 2011 wûn Van der Meer de Piter Jellespriis mei Oerfeart.

Priisútrikking

De priisútrikking is op sneon 16 novimber yn de Grutte Tsjerke yn Boalsert. De provinsjale priis bestiet sûnt 1947. De earste dy't him wûn wie Obe Postma. It is mear as 30 jier lyn dat in frou de Gysbert Japicxpriis wûn. Yn 1986 wie it Tiny Mulder.
© Omrop Fryslân
De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân, ornearre foar oarspronklik Frysk wurk. Hy is neamd nei de 17e-iuwske Fryske dichter Gysbert Japicx. De winner kriget 10.000 euro en in oarkonde. De priis wurdt takend troch Deputearre Steaten, neidat in faksjuery in kandidaat oanwiisd hat. De winner kriget in jildbedrach en in oarkonde.

Oersjoch fan de winners fan de Gysbert Japicxpriis:

© Omrop Fryslân

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.