Noed oer kabinetsfoarstel foar Waadbehear: hoe kinst stjoere ast gjin foech hast?
Ministers Van Nieuwenhuizen en Schouten hawwe yn in brief útlein hoe't se de 'Beheerautoriteit Wadden' foarmjaan wolle. "In moai begjin, mar wêr binne de middelen?", freegje ferskate direkt belutsen organisaasjes fan de Waadsee harren ôf.
Kabinetsfoarstel foar Waadbehear
De behearautoriteit liket te bestean út twa direkteuren mei in lytse stêf, mar fierders is der gjin jild of foech. Lutz Jacobi, direkteur fan de Waadferiening: "Dat wurdt lestich, want hoe kinst stjoere op ferbettering fan it Wrâlderfgoed Waadsee ast gjin foech hast?"
In soad sektoaren seagen ûngeduldich út nei it foarstel fan it kabinet. "It is hiel bot nedich dat it behear fan de Waadsee better organisearre wurdt. We sjogge no hoe't fiif ministearjes, goed tsien gemeenten en trije provinsjes by elkoar del wurkje", neffens Jacobi.
Yn it regearakkoart fan oktober 2017 is ôfsprutsen dat der in behearautoriteit komt foar it Waad. Dat is hurd nedich, want de Rekkenkeamer stelde yn 2013 al fêst dat it grutte ferskaat oan behearders fan de Waadsee de oarsaak is fan twa problemen: it útbliuwen fan natuerûntwikkeling en de beheiningen dêr't in soad inisjatyfnimmers mei te meitsjen krije as se wat wolle yn it waadgebiet.
Bestjoerlike spagetty
De brief fan de ministers jout oan dat it belied foar it Waadgebiet better strukturearre wurdt, sadat de behearautoriteit ien opdracht krijt. "Dat is heel belangrijk, maar dan moet je ook proberen de direct betrokkenen bij het waddengebied zo veel mogelijk mee te krijgen door ze aan tafel hebben", seit Arjen Bosch fan Waddenzeehavens.
It foarstel is no dat belutsenen in apart oerlis krije, mar dat sjocht de organisaasje fan Waddenzeehavens net sitten. "Dat is weer een nieuwe sliert in de bestuurlijke spaghetti waar we nu juist zo'n last van hebben", mient Arjen Bosch.
Belutsen organisaasjes Waadsee
De direkte belutsen organisaasjes fan de Waadsee binne 'De Coalitie Wadden Natuurlijk', mei Natuurmonumenten, Vogelbescherming Nederland, Waddenvereniging, Stichting WAD, Landschap Noord-Holland, It Fryske Gea en Het Groninger Landschap. Fierder ek it 'Verbond Vaarrecreatie Waddenzee', mei Wadvaarders, Toerzeilers, Toeristische Kanobond, Koninklijk - Nederlands Watersportverbond, Koninklijk Nederlandse Toeristenbond, Vereniging Beroepschartervaart. En Stichting Jachthavens Waddeneilanden. De organisaasje Waddenzeehavens en de Samenwerkende Waddenvisserij-organisaties.