Frijwilligers knappe natuergebiet Rottige Meente op: "Mar we kinne noch wol wat brûke"

Groepen frijwilligers knappe ûnder lieding fan Steatsboskbehear de natuergebieten De Deelen en Rottige Meente op. By dat lêste gebiet, ûnder de reek fan Munnikebuorren, bestiet de groep út acht man. "Ik wol eins 15 minsken ha", seit boskwachter Alexander Rozema.
Frijwilligers Rottige Meente
"Lanlik ha we hiel folle frijwilligers", fertelt Rozema. "We seagen dat der wol ferlet fan wie. En der is genôch leuk wurk. Dus ha we it grutskalich opset om in groep te krijen yn de Rottige Meente en yn De Deelen. It rint hartstikke moai." Mar der kin dus noch wol wat by, seit er. "Want dan hast in moaie grutte groep. Dan dochst ek mear op in dei."
Net dat de groep no stilsit: "Ast moarns begjinst en dan middeis sjochst, dan tinkst: wow, ha we dat allegear dien? Dat is super. Takom wike sille we brechjes en geboukes skilderje, skulpepaden opknappe. Mei ús allen kinne we hiel wat. Hjoed sille we jonge beamkes lûke."
Boskwachter Alexander Rozema
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Dat is ek heech nedich, seit ien fan de frijwilligers. "We hebben hier een klein probleempje, dat komt nog door de droogte van vorig jaar. Hier is er een petgat, een plek waar mensen het veen uit haalden. Vorig jaar is het door de droogte helemaal volgelopen met boompjes. Er staan duizenden schietwilgen die in een paar weken echt drie meter hoog zijn geworden. Vijftig jaar geleden was het hier boomloos en nu groeit het dicht. Dat is een probleem."
Rozema en de frijwilligers
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
"We moatte dit iepen hâlde", fertelt Rozema. "Want oars wurdt hiel Nederlân in bosk. De fariaasje is belangryk: dit stikje is foar de fjoerflinter bygelyks. We moatte ynsette op seldsume types dy't we hjir ha."
De frijwilligers hoege gjin doel te hawwen oer de natuer, seit Rozema. "Der binne ek minsken by dy't it hearlik fine om allinnich yn de stilte oan it wurk te wêzen." Rozema is der sels eins altyd by. "As minsken dan in fraach ha oer it gebiet of oer it wurk, dan kin ik dêr direkt in antwurd op jaan. En ik fernim dat minsken dat wurdearje."