Nij Frysk blêd fan de Ried rint fertraging op

Op 3 novimber komt de Ried fan de Fryske Beweging mei syn nije publyksblêd. Dat soe eins begjin dit jier al, mar troch problemen mei ûnder oaren de finansiering is dat oant no ta net slagge. It nije blêd moat yn it plak komme fan de Swingel, it eardere blêd fan de Ried. Ein ferline jier waard de stekker lutsen út dat blêd om't der te min belangstelling foar wie. Dat kaam ûnder oaren om't it allinnich mar rjochte wie op de Fryske taal. It nije blêd moat wat rommer fan opset wurde.
"Der is wis ferlet fan," seit Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging. "It moat in soarte fan Frysk en Frij wêze, dat jierren lyn in Frysktalich wykblêd wie oer allerhanne ûnderwerpen." Oant no ta is it net slagge om jild fan de provinsje te krijen, mei advertinsjes en eigen jild wurdt no in nul-nûmer makke. It moat 48 siden krije en soe yn in oplaach fan 2.000 eksimplaren ferskine moatte. "Ik ha der it folste fertrouwen yn dat it slagget." Der is noch gjin namme, minsken kinne har suggestjes stjoere nei: ynfo@fryskebeweging.frl.