Omrop Fryslân

Ferwûne kitesurfer stoarn

De 23-jierrige kitesurfer dy't snein foar in wike slim ferwûne rekke by Warkum, is oan syn ferwûnings ferstoarn.
It slachtoffer, de 23-jierrige Ralph Sturkenboom út Utrecht, waard troch in ûnferwachte wynflaach tsjin in buske op 'e dyk blaasd. Hy is noch nei it sikehûs yn Grins brocht, mar dêr er is er ôfrûne sneon stoarn.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.