150 jier Mata Hari: Ljouwert bringt in earbetean oan in sterke frou
Ljouwert stiet de kommende moannen wiidweidich stil by de 150ste bertedei fan Mata Hari. Der binne allegearre aktiviteiten yn de stêd.
It keunstnersduo Karina Kroft en Remco Smids makket gewoanwei projeksjes óp gebouwen, lykas mei 'decemberlicht'.
Mar no hawwe se in saneamde immersive fideoprojeksje binnendoar makke.
Immersive fideoprojeksje
Dit is in technyk wêrby't byld fia ferskate bylden op de muorre, de flier en it plafond projektearre wurdt. De sjogger wurdt op dizze wize hielendal ûnderdompele troch it ferhaal en lûd.
Yn it bertehûs fan Mata Hari besykje se it ferhaal fan de wrâldferneamde Ljouwerter spionne te fertellen mei in fideobelibbing.
Wat Kroft en Smids foaral hoopje oer te bringen?
"Ze was een hele sterkte vrouw, maar dat is ook waar ze uiteindelijk voor is gestraft", fertelt Karina Kroft.
"Ze heeft een groots leven voor zichzelf gecreëerd. Ze heeft dat helemaal zelf gedaan, zonder enige hulp van wie dan ook."
It duo dûkte de lêste moannen hielendal yn it libben fan Mata Hari.
Se hawwe by Historisch Centrum Leeuwarden, Tresoar en yn de Mata Hari-argiven fan it Fries Museum west. Se brochten sels in besite oan Parys, nei plakken dêr't Mata Hari ea west hat.
Wa wie Mata Hari ek alwer?
Margaretha Zelle (de echte namme fan Mata Hari) waard op 7 augustus 1876 berne yn Ljouwert. Se krige twa bern: in jonge en famke. It jonkje ferstoar.
Nei har skieding bleau de dochter by de heit, om't Margaretha net genôch ynkomsten hie. Zelle gie nei Parys en waard hjir ferneamd as eksoatysk dûnseres.
Yn de Earste Wrâldoarloch hie se ferskate affêres mei offisieren. Uteinlik is se troch Frankryk fusilleard fanwege spionaazje.
"We hebben geprobeerd haar leven te vatten in een aantal projectiebeelden. We beginnen in Leeuwarden en reizen naar Indonesië en naar Parijs."
"We laten de vloer zien van een museum waar ze ooit beroemd is geworden, omdat ze hier haar eerste dans heeft opgevoerd. We wilden een stukje écht Parijs meenemen naar deze plek."
Karina Kroft rekke fassinearre troch it ferhaal fan Mata Hari en fernimt dat se no in oar byld fan har krigen hat.
Meislepend libben yn Parys
"Ze had een verschrikkelijk groot ongeluk: een mislukt huwelijk en een man die haar geen alimentatie wilde betalen", fertelt se.
"Het beeld is dat ze haar gezin achter heeft gelaten, omdat ze zo nodig moest dansen. Maar dat is niet zo, ze is het kwijtgeraakt."
"Ze zat echt helemaal vast, maar heeft er een draai aan gegeven en dat is echt levenskunst. Ze zei: Ik wil of een fatsoenlijk leven met mijn dochter of ik ga dat grote meeslepende leven in Parijs leven. En dat dat dan in een ongeluk eindigt, kan me niet schelen."
"It byld wie dat se in soarte fan prostituee wie, mar dat is wol hiel koart troch de bocht", follet Remko Smids oan. "Hielendal yn dy tiid wie it in super sterke frou."
"Ik hie by it meitsjen fan de projeksje geregeld it focht yn de eagen. Want it giet oer in écht minske dat úteinlik tragysk oan har ein kaam is."
Kroft fynt it ferhaal fan Mata Hari goed by dizze tiid passen. "Het is altijd de schuld van de vrouw. Ook bij Me Too bijvoorbeeld. Dan gaat het over zaken als: 'maar had je niet een te kort rokje aan?'"
"Mata Hari heeft gebruik gemaakt van de mogelijkheden die ze op dat moment had. Er waren mannen die allemaal dingen van haar vroegen, maar het gaat nooit over die mannen."
"Het gaat altijd over haar, dat zij een foute vrouw was. Ik denk dat we dat in zijn geheel moeten omdraaien en dat de schuld niet altijd bij de vrouw moet liggen."
150 jier Mata Hari: in earbetean oan in sterke frou
"Ik dacht eerst dan men in die tijd echt dacht dat ze een spionne was, maar dat is helemaal niet zo. Ze wisten toen ook al dat het bewijs heel summier was."
"De Fransen hebben vast gedacht een succes nodig te hebben hebben. Mata Hari was beroemd en een vrouw. Iedereen toen wist het: ze wordt nu gewoon geofferd."
Aktiviteiten yn it ramt fan 150 jier Mata Hari
Ljouwert fiert fan 23 maaie oant en mei 7 augustus Mata Hari har 150e bertedei mei allegearre aktiviteiten.
Ien hjirfan is de immersive fideoprojeksje fan Kroft&Smids yn it bertehûs fan Mata Hari.
Ek binne der stêdskuiers, in dokumintêre yn Slieker, in eksposysje yn Obe, en in tattoo-evenemint yn Neushoorn. Op 7 augustus, de bertedei fan Mata Hari, folget der noch in grut einfeest