Omrop Fryslân

Dizze oerstekplakken foar fytsers wurde de kommende jierren feiliger makke

In oerstekplak foar fytsers by Feinsum
© Google Street View
De provinsje Fryslân lûkt miljoenen út om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen, ûnder oare by oerstekplakken foar fytsers. Tusken 2027 en 2031 komt der alle jierren goed 6 miljoen euro beskikber.
"Mei dizze programmearring sette we in wichtige stap om ús provinsjale diken feiliger te meitsjen foar elkenien dy't der deistich gebrûk fan makket: automobilisten, fytsers, lânbouferkear en iepenbier ferfier", seit deputearre Matthijs de Vries.
De provinsje besleat ferline jier al it budzjet foar ferkearsmaatregels mei 4,5 miljoen euro yn it jier te ferheegjen. It Fryske kolleezje hat dêrfoar no sa'n sechstich projekten selektearre, wêrûnder hiel wat risikofolle plakken dêr't fytsers in provinsjale dyk oerstekke.

600 oerstekplakken

Ut ûndersyk fan de provinsje komt nei foaren dat der yn Fryslân hast 600 oerstekplakken foar fytsers binne. In part dêrfan is de ôfrûne jierren al feiliger makke. Takom jier moatte ek dy by Feinsum, Hijum en Stiens (N357) feiliger makke wurde, is it plan.
Yn de jierren dêrnei wol de provinsje oerstekplakken by ûnder oare Ryptsjerk, Oerterp, Frjentsjer en Dokkum oanpakke.

Plannen foar feiligere oerstekplakken

N357 Hijum (twa plakken) 2027
N357 Feinsum 2027
N357 Stiens (Hege Hearewei) 2027
N361 Ryptsjerk (Brédyk en Ypeysingel) 2028
N910 Hûsternoard 2028
N381 Oerterp (Opgong Noard Azeven) 2028
N359 Wikel (Vogelzangwei) 2028
N359 Teakesyl (De Iedijk) 2028
N393 Sint Jabik (Koudeweg) 2028
N393 Stiens (Bûtenskilwei) 2028
N351 Easterwâlde (Nanningawei) 2029
N384 Frjentsjer (by súdlike ôfrit A32) 2029
N357 Marrum (Botniawei) 2029
N359 Riis (Leise Loane) 2029
N357 Ferwert (De Stelling) 2030
N361 Dokkum (Haadwei) 2030
N354 Spannenburch (by de brêge) 2030
Oare maatregels yn 2027 geane oer de bermen en rails by de Sintrale As (N356) en de dyk tusken Boalsert en Ljouwert (N359) del. Fierder wol de provinsje it krúspunt by de Hoek fan de Bant (by Lauwerseach) ombouwe ta in ovonde.

Ferkearsslachtoffers faak fytsers

De provinsjale ambysje is om yn 2040 gjin ferkearsdeaden mear te hawwen. Sûnt de jierren santich is it tal deaden yn it Fryske ferkear flink ôfnaam, mar yn de lêste tsien jier is dy trend stagnearre.
De measte slachtoffers binne fytsers. Ferline jier foelen 34 ferkearsdeaden.

Heale oplossing

Foarsitter Kees Mourits fan it Fytsersbûn neamt de miljoenen fan de provinsje "een doekje voor het bloeden". Hy wie al op de hichte fan de plannen fan de provinsje, mar fynt dat der folle mear gebeure moat.
"Wil je zorgen voor veilige oversteekplekken, dan moet je investeren in rotondes of tunnels. Maar dan zijn er nog veel meer miljoenen nodig."
De provinsje kiest faak foar 'middengeleiders' of eilannen tusken twa rydbanen. Dan hoecht in fytser net twa rydrjochten tagelyk te boardieljen by it oerstekken.
"Maar dat blijft een gevaar. Dat auto's kunnen doorrijden, dat krijgt de voorkeur. De fietsers komen daarna pas."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.