Omrop Fryslân

Hardershûn falt geit oan op It Amelân

De eigeners fan de hûn hawwe har noch net melden, seit de plysje
© Shutterstock.com (Dutchmen Photography)
Op It Amelân is in geit oanfallen troch in hardershûn. It ynsidint barde sneon by de Vlakte van Polet. De geit rûn flinke ferwûnings op.
De eigeners fan de hûn hawwe har noch net melden, seit de plysje.
It giet om twa manlju en in frou. Se praten Dútsk en de frou hie donker hier. De plysje soe graach mei harren yn kontakt komme.
Nei behanneling fan de bistedokter giet it op dit stuit, neffens de plysje, "redelijk" mei de geit.
Mear 112-nijs fynst yn ús liveblog fan hjoed:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.