It follybalbûn jout gjin rêst, dus docht Marrit Jasper it sels
Marrit Jasper spilet dizze simmer yn prinsipe gjin wedstriden foar it Nederlânske follybalteam. Se woe it twadde diel fan de follybalsimmer ynstreame by Oranje, mar de technyske stêf set allinnich spylsters yn dy't de hiele simmer beskikber binne.
De Nederlânske follybalfroulju spylje yn juny en july om de Volleyball Nations League. Ein augustus is dan it EK follybal. Mar Jasper slacht beide toernoaien dus oer, al is se by needgefallen wol beskikber foar de bûnscoach.
De Snitser follybalster kiest derfoar om rêst te nimmen. Jasper en har freon hawwe krekt in hûs kocht en dêr wol se tiid oan besteegje.
Boppedat wol se tiid meitsje foar har famylje, want troch it seizoen hinne mei har Poalske klup hat se dêr ek kwealik tiid foar.
Nei it seizoen by de klup moatte de follybalsters har gelyk wer melde by Oranje.
"Zo gaat dat al acht, negen jaar. De FIVB (it ynternasjonaal follybalbûn, red.) stelt dat niet in, dus moet je zelf af en toe eens rust nemen", seit Jasper.
Mear sportnijs fynst yn ús liveblog fan dizze wike: