Melissa (16) en Annalies (13) melke alle dagen 160 kij: "Kij snappe dy wol in bytsje"
Melissa Hooghiemster is 16 jier en no al melkt se sân middeis yn 'e wike 160 kij by Ritske Reitsma yn Broeksterwâld. Har suske Annalies (13) helpt.
De twa fammen bewege handich troch de melkput, it lange hier fêstbûn yn hynstesturten.
Yn stoere overalls stutsen, mar wol mei make-up op en trendy earbellen. En net benaud foar wat kowestront.
"As der in hiel protte op myn hannen sit, spiel ik it fuort, mar it makket my net sa gau wat út", seit Annalies.
De froulju út Damwâld binne goed opinoar ynspile.
As de iene de jaren fan 'e kij skjinmakke hat, komt de oare derachteroan om de melkstellen ûnder te hingjen.
Winkelwurk neat oan
Se fine it moai om mei fee dwaande te wêzen. Fan jongs ôf oan helpe se harren pakes mei lammefangen, of binne se warber mei ponnys of hynders.
"Ik haw ek yn in winkel wurke, mar dêr fûn ik neat oan, dêr ferfeelde ik my hiel bot", fertelt Melissa.
Thús ha se net in pleats, mar it boerebloed komt net fan frjemd.
"Pake fan heit syn kant hie in pleats mei melkfee, mar ús heit woe gjin boer wurde. Hy hat fierders neat mei fee. Us mem fynt it wol hartstikke leuk, dy wie eartiids krekt sa as ús no!"
Pake fan memmekant, Sipke Wiersma, wie eartiids boere-arbeider. Hy hâldt no noch skiep. De beide suskes kamen sa al betiid yn oanrekking mei bisten.
Melken leard fan pake
"Pake hie it wol oer it melken, en we wiene wolris mei", fertelt Melissa.
Se wol it dan ek wol leare, en pake wit wol in boer. "Dêr hat er my hinne brocht en dêr haw ik it doe leard."
Melissa hat it hiel bot nei 't sin by dizze boer, en al gau melkt se sân middeis yn 'e wike.
"As ik in middei frij hie, tocht ik: 'Wat moat ik no?'"
Mar de boer hâldt op, en Melissa moat op syk nei in nij plak. En sa komt Ritske Reitsma fan Broeksterwâld yn byld.
"No bin ik hjir ek wer sân middeis. En as ik earder út skoalle bin, kin ik hjir ek te plak. Hjir binne altyd wol wat putsjes."
Suske Annalies (13) helpt ek bot mei. "As ik tiid haw, gean ik ek earder mei Melissa mei, en middeis faak wol mei te melken."
Leave froulju
"Se sei dat se al sûnt har alfde molk", fertelt Reitsma.
"No, ik sei: dat fynst net fuort wer. Dus kom mar in kear del, en no is se eins alle dagen hjir. Ik moat se suver in bytsje ôfremje, mar middeis melke fine se hartstikke moai."
De boer komt even yn de melkput te sjen, mar eins is dat net nedich.
"Skitterjend, net? Se dogge it boppe ferwachting, hartstikke leuk. It binne hiele leave froulju, hiel noflik. En it jout my in stikje frijheid mei de lytse man, dy moat ek oandacht hawwe."
Ritske doelt op syn soantsje Rykle fan in heal jier dy't er op 'e earm hat.
Pake Sipke is grutsk op syn pakesizzers en komt út en troch ek even te sjen by it melken.
"Sa moai as wat! Harren mem hat it by my leard, en de famkes haw ik ek ynstruksjes jûn. Ik stean der fersteld fan, it giet poerbêst. Elk harren eigen kant fan de put, kin noait better."
By kij fielt it ek wol in bytsje as snappe se dy. It makket neat út, dat fyn ik moai.
Sipke hat sels eartiids arbeider west op dizze pleats by Ritske syn pake.
"En no is syn pakesizzer Ritske hjir boer, en melke myn pakesizzers hjir ek. Al woene je it sa hawwe, dan koene je it net sa krije", drukt Sipke syn ferwûndering út.
Leafde foar bisten
"Ik wist fan myn pake wol dat Sipke altyd enoarm hurd wurkje koe", fertelt Ritske.
"Dat sit der ek wol yn by dizze froulju, dat sit echt yn 'e genen. En se hawwe in hiel protte leafde foar de bistjes, hynders, skiep, kij... Dat fyn ik moai om te sjen."
Melissa kin dat ûnderstreekje.
"By kij fielt it ek wol in bytsje as snappe se dy. De iene wol hiel graach aaid wurde, de oare rint just wer fuort. It makket neat út, dat fyn ik moai."
Mar wa't tinkt dat de fammen letter graach boer wurde wolle, hat it mis. Annalies wit it noch net sa goed, mar yn alle gefallen wat oars as op in pleats.
Melissa is wat útsprutsener. "It alderleafste wol ik feedokter wurde, mar dat is in hiele lange wei noch, en ik bin net echt ien fan skoalle."
As der in leuke boer op har paad komme soe, kin dat. "Mar ik sjoch mysels oer 20 jier net mear op in pleats wurkjen."
Leare foar feedokter
Melissa docht dit jier eineksamen vmbo, en sil dêrnei de mbo-oplieding bistedokterassistint dwaan.
"Dat liket my hiel leuk. En as ik wol, dêrnei miskien noch trochleare foar feedokter."
"En dan begjin ik middeis wol wat letter, mar dan bin ik hjir nei skoaltiid seker ek wer te finen!"
Sjoch hjir de HEA!-reportaazje oer Melissa en Annalies dy 't de kij melke:
Melissa (16) en Annalies (13) melke alle dagen 160 kij