Omrop Fryslân

Gedichten oer drank, froulju en de dea: Piet Paaltjens hat eigen plakette yn Ljouwert

De plakette oer Piet Paaltjens
© Omrop Fryslân
Oan de Voorstreek yn Ljouwert hinget no in plakette fan Piet Paaltjens, ien fan de grutste dichters út de Nederlânske literatuer.
It idee dêrfoar ûntstie fanwegen de biografy dy't skriuwster Marita Mathijsen oer de dichter makket. De kar foar de lokaasje is in logyske: it bertehûs fan Paaltjens.
Dy namme krige de dichter trouwens net doe't er berne waard yn it Ljouwert fan 1835. Syn echte namme wie François HaverSchmidt.

Drank, froulju en de dea

As studint wie er al drok oan it skriuwen. Syn favorite tema's? Drank, froulju en de dea. De gedichten wiene tige lossinnich foar syn tiid en waarden faak skreaun mei in flinke doasis swarte humor.
"Eins tinkst 'it is hielendal net sa grappich', want it is djiptryst, mar dochs ûntkomst der net oan om efkes hurd te laitsjen ast it lêst", fertelt Johannes Keekstra. Hy is grut leafhawwer fan de dichter.
It kontrast mei HaverSchmidt syn oare beuzichheid kin hast net grutter, hy wie ek predikant.
En dy dûbelrol soarge der mooglik mei foar dat er in alter ego yn it libben rôp: Piet Paaltjens wie berne. De poëet brûkte syn gedichten as útlitklep foar de tema's dêr't gjin plak foar wie yn syn strange leauwen.
Johannes Keekstra, grut leafhawwer fan Piet Paaltjens
© Omrop Fryslân
De swiermoedigens dy't HaverSchmidt altyd al by him droech ûntwikkele him ta hieltyd problematyskere foarmen. Alle struggles dy't er hearde fan syn tsjerkegongers hiene in swiere tol op syn geastlike sûnens.
Stadichoan begûn de dichter syn leauwen te ferliezen. "Hy preke de tsjerke yn Schiedam leech om't minsken it net mear oan koene wat er allegear fertelde op de kânsel."
Dêr kaam yn 1891 it ferstjerren fan syn frou noch by.

Life imitates art

Ien fan de meast renommearre gedichten fan HaverSchmidt is De Zelfmoordenaar, út de bondel Snikken en Grimlachjes út 1867. It giet oer in man dy't út suvere ellinde ta selsmoard dreaun wurdt.
It die bliken dat de tekst in tsjuster each yn de takomst wie, yn 1894 hong de brutsen man him op oan in koarde yn syn bedstee.
It gedicht De Zelfmoordenaar fan Piet Paaltjens
© Omrop Fryslân
Dochs fertelt Keekstra dat it him gjin rjocht oandocht om him allinnich te betinken as in dichter mei in tragysk ferhaal.
Hy pleitet derfoar om Paaltjens, ofwol HaverSchmidt, foaral yn it sin te bringen as in fleurige studint mei hiel foarútstribjend wurk en in flinke doasis humor.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.