Omrop Fryslân

sc Hearrenfean nimt ôfskied fan trije spylsters

Evi Maatman makke dit seizoen njoggen goals foar Hearrenfean
© Orange Pictures
De froulju fan sc Hearrenfean moatte noch in wedstriid spylje foar't it seizoen ta in ein komt, mar no al is de klup dwaande mei it nije seizoen.
Trije spylsters dy't dizze simmer in ôfrinnend kontrakt hienen, meie net by de Feansters bliuwe.
It giet om middenfjilder Eef Kerkhof, dy't yn fjouwer seizoenen 78 kompetysjeduels spile.
Ek foar oanfallers Evi Maatman en Romaissa Boukakar sit harren Fryske perioade derop. Maatman spile twa seizoenen yn Hearrenfean en makke achttjin goals.
Boukabar wie benammen as ynfaller belutsen yn it spul fan Hearrenfean. Sy makke dit seizoen ien goal en ien assist.
Mear sportnijs fynst yn ús bloch:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.