Omrop Fryslân

Hieltyd mear learlingen kieze it Frysk: rekôrjier foar it eineksamen

Twahûndert learlingen keazen dit jier foar it eineksamen Fryske taal en kultuer
© ANP Foto
Twahûndert bern dogge dit jier eineksamen Frysk, in rekôr dat de kommende jierren grif ferbrutsen wurdt. Yn 2030 moatte alle skoallen foar it fuortset ûnderwiis it Frysk oanbiede as eksamenfak.
Mar binne skoallen dêr klear foar? Fjirtjin skoallen biede Frysk no al oan as eksamenfak.
Yn 2030 moatte sawat alle 53 skoallen mei in boppeboulokaasje dizze mooglikheid biede oan learlingen, útsein in oantal skoallen mei in ûntheffing lykas it Linde College yn Wolvegea, de ISK-klassen (ûnderwiis foar nijkommers) en De Jutter op Flylân.
Ut in rûngong fan Omrop Fryslân by skoallen mei in boppeboulokaasje del docht bliken dat noch net alle skoallen foar eagen hawwe wat se aanst ferwachtsje kinne oan learlingen dy't kieze foar it Frysk.
Wol jouwe se oer it algemien de foarkar oan om it fak selsstannich te jaan en om net gear te wurkjen mei oare skoallen.

Eksamen Frysk

Foar learlingen fan it tmbû (vmbo) stiet it eksamen Frysk 22 maaie op it programma.
Foar twû (vwo) en hatû (havo) is it de hikkesluter fan de eksamenperioade: 27 maaie moatte de learlingen mei dit fak hjiroer gear.
De skoallen fan OVO (Openbaar Voortgezet Onderwijs Fryslân-Noord), dêr't ûnder mear Piter Jelles yn Ljouwert ûnder falt, foarmje in útsûndering.
Dy skoalle slút net út dat learlingen yn guon gefallen nei in oare lokaasje reizgje moatte sille foar it Frysk.

Boustiennen

By Aeres yn Ljouwert en Bûtenpost stiet it Frysk dit jier foar it earst op it programma.
Aeres Hearrenfean wie ferline jier de earste skoalle fan de koepel dêr't it Frysk op it programma stie en Snits is takom jier oan bar.
Yn 2020 stie de ambysje om Frysk oan te bieden al yn it nije fyzjeplan fan de direksje, fertelt Ytje Hoekstra, koördinator Frysk fan de skoalle.
"Yn it kader fan kânsegelikens fine wy dat de memmetaal ek oanbean wurde moat. Ast it hast oer taalwinning, dan is it oanlearen fan in frjemde taal noch dreger ast net de boustiennen hast fan dyn eigen taal."
Eksamen Frysk
© Shutterstock
It fak lûkt aardich wat belangstelling. Op it Hearrenfean binne der dit jier seis eksamenkandidaten, yn Ljouwert dogge der tolve mei en yn Bûtenpost dogge njoggen bern eksamen yn it Frysk.
Dat is net sa gek, omdat de fiertaal op de skoallen meast ek Frysk is.
"En dan foaral op ús plattelânlokaasjes fansels", fertelt Hoekstra.
Neist Aeres is it Frysk dit jier ek nij op it Carmel Lyceum yn Hurdegaryp.

Basis- en kadernivo

It Frysk wurdt no noch net oanbean op basis- en kadernivo.
"Dat is wat dreger te regeljen. Op dy nivo's wurdt mar yn seis fakken eksamen dien. Bern moatte dan in profylfak ynleverje. Wy binne der wol mei dwaande, mar it is wat dreger te regeljen", leit Hoekstra út.
Debby van Elden, dosint Frysk op it Piter Jelles YnSicht
© Omrop Fryslân
Piter Jelles Ynsicht yn Ljouwert is de earste skoalle yn Fryslân dy't it Frysk oanbiedt op basis-/kadernivo.
Takom jier dogge dêr foar it earst yn Fryslân bern eksamen yn.
Dosinte Debbie van Elden jout no les oan 55 bern dy't takom jier eksamen dogge: trije klassen fol.
"Wy hawwe in profyl Produkt en Tsjinstferliening mei in soad bêta-fakken. Foar bern dy't dat dreech fine, is it hiel moai dat se no ek de kar hawwe foar in taal."
Boppedat fine se it moai om wat oer de eigen kultuer te learen, sjocht Van Elden.

Presintaasje

Oars as learlingen fan de oare nivo's is der foar it basis- en kadernivo gjin skriftlik eineksamen. De sifers fan it skoaleksamen telle as einsifer.
"Oan de iene kant spitich. Oan de oare kant binne ús bern praktysk ynsteld."
Van Elden hat in opdracht betocht wêrby't de bern in presintaasje hâlde moatte oer in ûnderwerp.
"Dat kin wêze oer Mata Hari, sport of in gebou of wat oars. Se meitsje dan in útnûging en fertelle ús dan op lokaasje oer it ûnderwerp."
Learlingen dwaande mei it eksamen Frysk
© Omrop Fryslân
Neist de ferplichting fan it Frysk as eksamenfak feroaret der noch wat foar it Frysk. It fak sil der tenei oars útsjen.
It eksamen rjochtet him no foaral op stavering en grammatika. Yn de nije setting krije ek skiednis en kultuer in gruttere rol.
Tjeerd Kooistra, dosint Frysk fan csg Liudger yn Burgum, is entûsjast.

Mei kollega's fan sân oare skoallen yn Fryslân hat er him de ôfrûne jierren bûgd oer de nije ynfolling fan it fak.
Alle tongersdeitemiddeis kamen se byelkoar om te praten en te skriuwen.
"It wie moai dat we dat sa dwaan koenen. Gewoanwei binne dosinten Frysk echte ienpitters", fertelt Kooistra.

Tjits as lesmateriaal

De Omrop Fryslân-rige fan Tjits oer dialekten, de filmkes fan HEA! en dy fan Eduard Rekker, alias de Fryske Vlogger, biede in moaie oanfolling op it lesmateriaal.
"It biedt oanlieding om diskusjes te hawwen oer wat kultuer is. Is dat in museum of is kultuer ek noch wat oars? Kinst in ferliking meitsje mei it Sealterfrysk: hokker wurden kinst werkenne?"
"En de taal komt wol werom yn bygelyks in ferslachje oer dyn komôf nei oanlieding fan it tema Doarp en woartels", beslút Kooistra.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.