Gemeente Ljouwert nimt skuld op him yn kwestje sweltsjenêsten: "Had niet mogen gebeuren"
De gemeente Ljouwert nimt de ferantwurdlikheid op him foar de fernieling fan in sânbulte yn Middelsee dy't brûkt waard troch ierdsweltsjes. "De opdracht is gegeven door de gemeente."
Gemeente en FUMO sjogge gjin oanlieding foar fierdere hanthavening. Wol binne ôfspraken makke om de fûgels fan no ôf mei rêst te litten.
Yn de Ljouwerter nijbouwyk Middelsee ûntstie tongersdei opskuor doe't in sânbult op it bouterrein mei swier materieel tichtmakke waard.
Dat barde wylst de bult brûkt waard troch tsientallen ierdsweltsjes ('oeverzwaluwen') om in nêst yn te bouwen.
De ierdswel is in beskerme soarte en it fernielen fan nêsten kin dan ek strafber wêze.
Nei fragen fan Omrop Fryslân waard de sânbult deselde middei wer wersteld. Boppedat waard ek in twadde sânbult geskikt makke foar de fûgels.
'Niet handig'
De oannimmer yn kwestje ferwiist troch nei de gemeente Ljouwert. Dy lit witte dat de hiele situaasje 'niet handig' wie.
"Maar er is geen aanleiding om maatregelen te nemen omdat er direct gehandeld is en een oplossing is gevonden."
Neffens de gemeente wurdt de bult no better yn 'e gaten hâlden. "Ecoloog en vogelwacht zijn betrokken en blijven betrokken tot de zwaluwen uitgebroed zijn."
Gemeente ferantwurdlik
De gemeente seit freed dat sy ferantwurdlik binne foar de flater. "Dit had niet mogen gebeuren. We betreuren het dat de leefomgeving van de oeverzwaluwen is verstoord."
Fierder jout de gemeente oan dat se sjogge nei de mooglike realisaasje fan in spesjale wand foar ierdsweltsjes yn Middelsee.
Ik wol witte wat hjir bard is, wa't derfoar ferantwurdlik is en wêrom oft dit sa gien is.
"Het beschermen van bedreigde diersoorten is een wettelijke taak die wij zeer serieus nemen", seit de FUMO op de fraach wêrom't se it hjirby litte.
"In deze situatie is verdere handhaving echter niet noodzakelijk, omdat de vogels pas net waren begonnen met de nestbouw, de nesten nog leeg waren en door het herstel voldoende alternatieve nestgelegenheid beschikbaar is gekomen."
Boppedat hat de FUMO mei de belutsen oannimmer de ôfspraak makke dat de twa sânbulten it fierdere briedseizoen mei rêst litten wurde.
Skriftlike fragen
Riedslid Johannes Beers (PvdD) hat freed skriftlike fragen yntsjinne oer it hiele barren.
Hy sprekt dêryn fan in "brute aanslag op een beschermde vogelsoort".
Beers is tige min te sprekken oer de opmerking fan de gemeente dat it allegear 'niet handig' wie. "Ik wol witte wat hjir bard is, wa't derfoar ferantwurdlik is en wêrom't dit sa gien is."
"We hawwe it hjir wol oer in strafber feit. Dit mei samar net. Ast de bylden sjochst, dan is it hartstikke dúdlik: dit hat yn earste ynstânsje in doelbewuste aksje west. Dêr bin ik lulk oer."