Omrop Fryslân

Mark Diemers nei 'geweldige tijd' fuort by SC Cambuur

Mark Diemers
© Dijks Media
Mark Diemers giet fuort by SC Cambuur. Hy hat de stekker lutsen út de petearen mei de kluplieding. Dêrmei komt nei twa jier in ein oan syn perioade by Cambuur. Diemers sil op syk nei in nije klup.
It kontrakt fan de Cambuuroanfierder rint oer in moanne ôf. Der hawwe meardere petearen west oer kontraktferlinging, oant Diemers dizze wike besleat om dy ûnderhannelings te staken.

Mearjierrich kontrakt

De grutste stroffelstien is de lingte fan de oanbieding. De 32-jierrige Ljouwerter wol syn karriêre graach ôfslute by de klup dêr't er ek begûn en dus woe er it leafst in mearjierrich nij kontrakt tekenje.
"Ik was bereid om met de club mee te denken, maar de club wil niet verder gaan dan één jaar", lit Diemers witte fanôf Ibiza, dêr't er mei de spilers en trainers fan Cambuur it seizoen ôfslút. Syn lean soe nei eigen sizzen boppedat mei tritich persint omleech gean.
Technysk manager Lars Lambooij fan Cambuur meldt dat yn de oanbieding fan 'e klup wol in opsje op in twadde jier siet, dy't yngean soe as Diemers in bepaald oantal wedstriden spylje soe. Dat wie foar de fuotballer lykwols net genôch.

"Geweldige tijd"

De situaasje hat allinnich mar ferliezers, want Lambooij en Cambuur hiene Diemers graach behâlde wollen. Mar dus net tsjin elke betingst.
Sa einiget it houlik tusken Diemers en Cambuur. Hy trochrûn de hiele jeugdoplieding en makke syn debút yn it earste yn 2012. Yn dat seizoen waard Cambuur mei Diemers kampioen, wêrnei't er syn karriêre ferfolge by FC Utrecht.
Yn 2024 kaam Diemers werom by Cambuur. By it tekenjen fan it kontrakt spruts er út om mei Cambuur promovearje te wollen en by de Aldehou stean te wollen. Dat makke er koartlyn wier; de ploech fan trainer Henk de Jong waard twadde, promovearre nei de earedivyzje en ôfrûne snein waard it team huldige op it Aldehoustertsjerkhôf.
Nettsjinsteande de teloarstelling wol Diemers net mei modder smite. "Ik heb een geweldige tijd gehad en zoveel liefde gevoeld van de mensen op de tribunes en op de werkvloer."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.