Omrop Fryslân

Hoe rint de rûte nei Europeesk fuotbal foar sc Hearrenfean?

Hearrenfean yn 1999, doe't se Champions League hellen
© ANP
Sportklup Hearrenfean is folop yn de race foar Europeesk fuotbal. Mar hoe sit dat krekt? Hoe kin Hearrenfean him pleatse foar Europeesk fuotbal, oftewol: wat binne de senario's?
De lêste kear dat Hearrenfean Europeesk fuotbal helle is alwer 14 jier lyn. Yn 2012 spile Hearrenfean ûnder lieding fan Marco van Basten tsjin Rapid Boekarest en waard dêrnei útskeakele troch Molde FK.
Hearrenfean stiet no sânde. Wat dat betsjut en wat der allegear mooglik is lizze we dy út.

Seis Nederlânske klups Europa yn

Nederlân mei takom seizoen seis klups Europa ynstjoere, ferdield oer trije ferskillende toernoaien.
Dit is hoe't de ferdieling foar de plakken yn de trije Europeeske toernoaien op dit stuit wurket yn Nederlân:
De ticketferdieling fan de earedivyzje
© Omrop Fryslân
De top 4 is wis fan Europeesk fuotbal, krekt as de winner fan de KNVB-beker. Dat is dit seizoen AZ, dat him mei dy winst pleatst hat foar de Europa League.
Der binne dit seizoen noch in twatal senario's mooglik foar Hearrenfean om Europeesk fuotbal te heljen.

Senario 1: direkte pleatsing

Litte we fuort mar mei de dreamfaze begjinne. Streekrjochte pleatsing foar Europeesk fuotbal is noch mooglik. Mar dy kâns is net sa hiel grut.
Hearrenfean moat dan nammentlik fjirde wurde. Of better sein: Hearrenfean moat Ajax én FC Twente ynhelje.
Dat betsjut ek dat Ajax én FC Twente yn de lêste twa wedstriden eins alles ferlieze moatte. En Hearrenfean moat twa kear winne. It ferskil is nammentlik fiif punten tusken Hearrenfean oan de iene kant én Ajax en FC Twente oan de oare kant.
Teoretysk sjoen meie Ajax en FC Twente ek ien kear lykspylje, mar it doelsaldo fan Hearrenfean is folle leger. Dat is dus gjin realistysk senario.

Skema konkurrinten

FC Twente moat snein tsjin Sparta en folgjende wike moatte se nei PSV.
Ajax moat dit wykein tsjin FC Utrecht. Opfallend detail is dat de lêste wedstriid Hearrenfean-Ajax is.
De stân fan de earedivyzje op dit stuit
© Omrop Fryslân
In fiifde plak soe ek noch direkt Europeesk fuotbal opsmite kinne, as AZ oan Ajax en FC Twente foarbygiet en fjirde wurdt. Streekrjochte pleatsing betsjut in plak yn de twadde foarronde fan de Europa League.

Senario 2: fia de play-offs

Lit ús earlik wêze. It meast realistyske senario foar Hearrenfean is om him fia de play-offs te pleatsen foar Europeesk fuotbal. Hearrenfean stiet no sânde en is al wis fan dielnimming oan de play-offs.

Hoe wurkje de Europeeske play-offs?

  • Der is ien Europeesk plak te ferdielen: in ticket foar de foarronde fan de Conference League;
  • Der dogge fjouwer ploegen mei;
  • Heale finales en finale binne ien wedstriid;
  • De heechst einigjende klup hat thúsfoardiel.
De fjouwer dielnimmers oan de play-offs binne altyd de heechste klups dy't fia de ranglist noch gjin direkt Europeesk fuotbal helle ha.
Arsenio Valpoort, de lêste doelpuntemakker foar Hearrefean yn Europa, yn aksje tsjin Molde FK
© ANP
Mei noch twa wedstriden te gean binne dit de meast realistyske útkomsten foar Hearrenfean:
  • 6e: bêste lotting + thúsfoardiel
  • 7e: thúsfoardiel yn de heale finale
  • 8e: útwedstriid yn de heale finale
As AZ sechsde of sânde wurdt, spilet de nûmer fiif play-offs.
De rol fan bekerwinner AZ
© Omrop Fryslân
Wy kinne dus konkludearje dat Hearrenfean yn alle gefallen heger einiget as it njoggende plak, dat se har al pleatst hawwe foar de play-offs, en dat se yn it bêste senario noch fjirde wurde kinne.

Wat is de Conference League?

Mocht Hearrenfean de play-offs winne, dan sille se yn de Conference League spylje. Dat is, nei de Champions League en Europa League, it tredde toernoai fan Europa.
AZ helle dit seizoen de kwartfinale fan de Conference League en waard útskeakele troch Shakhtar Donetsk. De finale giet dit seizoen tusken Crystal Palace en Rayo Vallecano.
De absolute top fan Europa docht net mei oan it toernoai. Fan de toplannen Ingelân, Spanje, Dútslân, Italië en Frankryk pleatse bygelyks de nûmers seis of sân har foar de Conference League. Dat binne op dit stuit klups as Celta de Vigo, Como en Brentford.
As Hearrenfean meidocht oan de Conference League, dan meie se de earste foarronde oerslaan.
As it de twadde, de tredde en de fjirde foarronde oerlibbet, dan komt Hearrenfean yn it haadtoernoai. Dat bestiet út in kompetysje mei 36 klups. Hearrenfean spilet dan seis wedstriden; trije kear thús en trije kear út.
De lotting foar de twadde foarronde is op 16/17 juny. De wedstriden binne op 23 en 30 july.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.