Wally wie 75 jier oargelist, mar earst net fan herte: "Ik sei: doch it sels!"
"It is in hiel frjemd gefoel. Eins wol ik it sa net hawwe, mar it is wol sa", seit Wally Hoekstra-Westerhuis. 75 jier hat se it oargel bespile yn de protestantske tsjerke fan Minnertsgea. No is it tiid foar ôfskied.
87 jier is frou Hoekstra-Westerhuis yntusken, mar as se wer even op har fertroude plakje efter it oargel sitten giet, spilet se noch sa goed as wat.
Gjin grappen
Dochs is dat aanst foarby: op 17 maaie begeliedt se har lêste tsjinst. "Wurdst in deike âlder en wolst hjir ek gjin grappen hawwe", seit Hoekstra-Westerhuis, wylst se nei de trep wiist.
"En it is yn de rin fan jierren hiel oars wurden, wat moderner allegear. Dat is ek in reden dat ik ophâld. Dat moderne guod, dêr hâld ik net sa fan.
Nei 75 jier hâldt Wally Hoekstra-Westerhuis op as oargelist
Se wie noch in famke doe't se frege waard om oargelist te wurden. "In neef fan my kaam by ús, dy wie fan de tsjerkrintmasters. Dy sei: wy moatte in oargelist hawwe, dat kinsto wol dwaan. Ik sei: doch it sels!", laket se.
Dochs gie se derfoar. "Ik wit noch hiel goed de earste dei dat ik derhinne moast. Ik tink: it is net bêst, no moat ik. It wie hiel spannend. Thús spilest wolris, mar dit is hiel oars."
Muzikale famylje
It skeelde dat Hoekstra-Westerhuis út in muzikaal nêst kaam. Har heit spile oargel en ek har broer koe goed út 'e fuotten mei it ynstrumint.
Dochs hat Hoekstra-Westerhuis it harsels benammen oanleard. Se hat wolris wat 'hûs, tún en keukenleskes' folge, sa't se it sels neamt, mar echt betûft waard se pas doe't se sels begûn te spyljen.
Hoekstra-Westerhuis fûn it it moaist om fleurige ferskes te spyljen, mei wat tempo deryn. De bondel fan Johannes de Heer is har favoryt. "Dêr kinne de minsken sa moai op sjonge."
Kontakten misse
No is de oargelkarriêre fan Hoekstra-Westerhuis hast foarby. It jout har in frjemd gefoel. "De kontakten dy'tst hast, sil ik wol misse."
Dochs hoecht Minnertsgea net benaud te wêzen dat se Hoekstra-Westerhuis nea mear sjen sille. "Salang't it kin, sit ik yn 'e tsjerke."