Omrop Fryslân

Opknapbeurt foar Insulinde: oait held op see, no sels ta oan rêding op de werf

Willem Wilstra (85)
© Omrop Fryslân
Hy droech by oan de rêding fan 332 minsken: motorrêdingsboat de Insulinde. It fear fan De Skâns ôf en groeide út ta in ikoan yn nautyske fermiddens. Mar no hat de Insulinde restauraasje nedich.
Fol bewûndering en grutskens sjocht Willem Wilstra nei it skip. Hy hat it fototastel yn de oanslach.
Wilstra hat in skoft stjoerman west op de Insulinde.
"Dat wie in bysûndere tiid, want ik wie earst fulltime seeman", fertelt er. "Myn frou en dochter wennen yn Drachten, op 'e wâl. Dan snapst it wol: ast moannen fan hûs bist, begjint it wol wat te kribeljen, no?"
En dus reagearre Wilstra op in advertinsje yn de krante: 'Stuurman gevraagd op de reddingsboot Insulinde te Oostmahorn'.
Wilstra waard - yn twadde ynstânsje - oannaam. "Ik bin as stjoerman begûn, letter bin ik skipper wurden."
Ald-skipper Willem Wilstra is bliid dat 'syn' Insulinde opknapt wurdt
De Insulinde wie tusken 1927 en 1965 aktyf by De Skâns, op it plak fan de hjoeddeiske Lauwersmar. Yntusken leit it skip by it Nationaal Reddingmuseum Dorus Rijkers yn Den Helder.
Ferline jier die it skip mei oan Sail, mar op de weromreis die bliken dat de Insulinde allegear kueren hat en opknapt wurde moat.
Dat is in hiele operaasje, want in protte ûnderdielen moatte oanpakt wurde: fan de bûtenkant oant de motor.
De ferneamde rêdingsboat fiert takom jier in 100-jierrich jubileum. Om de boat dan goed foar it ljocht te krijen, is der in crowdfundaksje opset.
De Insulinde
© Omrop Fryslân
It docht Wilstra goed dat it skip restaurearre wurdt.
De Insulinde is nammentlik fan histoaryske wearde: it is de earste rêdingsboat fan de wrâld dy't himsels wer rjochtsette koe as er omsloech.
Dat wie in maritime trochbraak. De boat hie in revolúsjonêr ûntwerp en foarme de basis foar desennia fan Nederlânske rêdingsboaten.
In kantelproef foar de Insulinde
© Nationaal Reddingmuseum
Troch syn prestaasjes groeide de boat út ta in farrende leginde.
Nei syn aktive tsjinst op it rêdingsstasjon fan De Skâns kaam de Insulinde yn museumbesit.

Noarske skipper rêden

Wilstra hat der bysûndere mominten mei belibbe.
"Yn febrewaris 1965 wie it swier stoarmwaar. Boppe Skiermûntseach kaam in Noarsk skip yn 'e problemen. Der wienen noch twa minsken oan board: de kapitein en de masinist."
"Dy woenen der yn earste ynstânsje net ôf", giet Wilstra fierder.
"Mar troch de seegong koenen we wol sjen dat it net goed kaam en op in gegeven stuit wienen se mei de bûslampe oan it skinen, doe moasten we komme en hawwe we se derôf helle. Krekt dêrnei is it skip ek sonken."
It skip wurdt de werf yn sleept
© Omrop Fryslân
Doe't Wilstra as stjoerman op de Insulinde kaam, wie er 24 jier.
"In broekje", seit er sels.
Yntusken is er 85 en is er noch hieltyd o sa wiis mei it skip. "It docht my wol wat. Ik fyn it moai", fertelt Wilstra as de boat in skipswerf yn Den Helder yn giet.

Jild byinoar helje

Om de Insulinde hielendal op te knappen, is in soad jild nedich. It giet om meardere tonnen. Noch net alles is byinoar, dêrom hawwe Wilstra en in klupke oaren in aksje opset.
"We hoopje dat dit skip dan noch wol 50 jier mei kin as fisitekaartsje fan it museum."
Al it wurk moat mids takom jier klear wêze.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.