Komt it lânskip út de tiid fan pake en beppe werom yn de Greidhoeke?
It lânskip sa't we dat kenne fan âlde foto's út de jierren fyftich en dêrfoar bestiet net mear. Mar parten dêrfan soene yn de Greidhoeke weromkomme moatte, sizze ûndersikers.
Dobben, polderdykjes, opfearten, in reed nei in boerehiem. Se karakterisearren eartiids it iepen lânskip fan de Greidhoeke. Troch de opkomst fan it moderne buorkjen binne se foar it grutste part ferdwûn.
Dochs kinne dizze âlde lânskipseleminten de kaai wêze om it bioferskaat yn it klaaigreidegebiet in flinke triuw te jaan en tagelyk ek gefolgen fan de klimaatferoaring op te fangen.
Sleatten
Dat docht bliken út it rapport Mei it ferline foarút op 'e klaai, it resultaat fan twa jier ûndersyk nei hoe't it bioferskaat yn it kultuerlânskip tusken rûchwei Boalsert, Snits en Ljouwert fersterke wurde kin.
Eftergrûn fan it ûndersyk
Yn Fryslân wurdt al langer wurke oan it werombringen fan mear bioferskaat, ûnder oare troch mear natuerynklusyf te buorkjen. It ûndersyk dat de ôfrûne twa jier dien is, is in fuortsetting fan eardere projekten op dat mêd.
It is in inisjatyf fan Lânskipsbehear Fryslân yn gearwurking mei BoerenNatuur Fryslân, Kening, Altenburg en Wymenga, Werkend Landschap en Van Hall Larenstein.
Doel is om it bioferskate kultuerlânskip fan de klaaigriede te fersterkjen.
Yn it rapport dogge ûndersikers de suggestje om dêr bygelyks polderdiken en sleatten foar te brûken.
Eartiids waard it boerelân trochsnien troch sleatten en fearten. Fanwege de skaalfergrutting yn de lânbou waarden foaral lytsere sleatsjes faak tichtsmiten. Ek no bart dat noch.
Spitich, sizze de ûndersikers, want dy sleatten kinne in belangrike rol spylje om gefolgen fan klimaatferoaring op te fangen. Se kinne wetter opfange yn tiden fan wiet waar.
Troch se te ferbinen mei in wetterberging, kin sa ek wetter fêsthâlden wurde yn tiden fan drûchte.
De dobben fan eartiids, dy't de boer brûkte om it fee drinke te litten, soene weromkomme kinne om dy rol fan wetterberging te spyljen.
Mar net allinnich dat, sa'n wetterplak is ek goed foar greidefûgels.
Sleatten kinne ek sjoen wurde as de 'houtwâlen fan de Greidhoeke'. Der libbet fan alles yn en om de sleat, wêrtroch't dy in belangrike funksje hat foar it bioferskaat.
Diken
De Greidhoeke is ûntstien trochdat lang lyn de see ynpoldere waard. Troch de skaalfergrutting fan nei de oarloch ferdwûnen de measte polderdiken, mar hjir en dêr binne se yn it lânskip noch werom te finen.
Dizze polderdiken biede neffens de ûndersikers in gouden kâns op mear bioferskaat. Se kinne as 'griene ieren' fol blommen en planten ynsekten en dêrmei ek fûgels en oare bisten oanlûke.
Boerehiem
Om it boerehiem fan eartiids hinne tilde it op fan it libben.
Tsjinwurdich is dat oars, omdat it hôf mei fruitbeammen en de grientetún plakmakken foar betonplaten en foersilo's.
Mar ek op boerehiemen fan hjoed-de-dei sjogge de ûndersikers kânsen om it bioferskaat werom te krijen.
As in boer útwreidet, soe er om syn nije stâl hinne in singel oanlizze kinne of romte meitsje kinne foar mear grien, lykas leiderbeammen.
Greppeltsjelân
Greppellân wie der rûnom yn de Greidhoeke en kin neffens it ûndersyk ek weromkomme.
As boeren der plak foar meitsje op it lân, komt der wer plak foar mear ferskate soarten gers en krûden, dat wer goed is foar de greidefûgels.
Boppedat, sizze de ûndersikers, helpt it om it tefolle oan stikstof fuort te krijen en sjogge fjilden fol wiuwend gers en bloeiende bûterblommen der ek nochris prachtich út.
Krûderyk gerslân
It sil trouwens noch net tafalle om sokke fjilden fol blommen en gerssoarten - yn faktermen: krûderyk gerslân - werom te krijen.
Trochdat de lânbou grutte parten fan de grûn desennia lang yntinsyf brûkt hat, is de boaiem der net oeral mear op ynsteld.
As der minder meand en minder jarre wurdt, is der mear kâns dat lânseigen blommen en gers weromkomme. Op plakken dêr't dat net bart, kinne stikken grûn ynsiedde wurde mei sied dat past by de streek.
Fyzje op de takomst
De ûndersikers realisearje har dat alles net fan hjoed op moarn fan de grûn komme kinne yn de Greidhoeke.
It falt of stiet mei dat minsken dy't dêr wenje en wurkje it ek sitten sjogge.
It is belangryk om earst fêst te lizzen hoe't de takomst fan de Greidhoeke derút sjen moat. As it oan de ûndersikers leit, stiet it lânskip dêryn sintraal.
De ûndersikers stelle foar om dêr't it kin, lyts te begjinnen. By bygelyks bouplannen of de oanlis fan in dyk soe altyd it belang fan it lânskip meinaam wurde moatte.
Is dy âlde polderdyk yn it plan te ferwurkjen, past der in dobbe yn de omkriten fan nije wentebou, of kin der in fjild mei krûderyk gerslân by oanlein wurde?
Takomst
It lânskip út de tiid fan ús pake en beppe komt nea sa werom as dat it doe wie. Want in sânreed en in opfeart nei alle boerepleatsen is net mear fan dizze tiid.
Mar as âlde eleminten lykas greppeltsjelân en polderdiken in nije betsjutting krije, wurde se ûnderdiel fan it lânskip fan de takomst.