Natuerbrânrisiko opskaald: "Dan beseffe je dat it gefaar hjir like grut is as yn it bûtenlân"
It natuerbrânrisiko yn Fryslân is opskaald nei faze 2. Jos van der Kooij fan de brânwacht leit út wêrom't dit krekt nedich is.
In waarme útlit fan in auto by it gers of in stikje glês yn de bosk. In natuerbrân sit yn in lyts hoekje, seker yn dizze ekstra drûge tiid.
Dat de natuer no ekstra fetber is foar brân, komt troch it grutte tal deade blêden en gers, leit Van der Kooij út. Dit materiaal kin al binnen in oere baarne.
En wat langer oft it drûch bliuwt, wat planten oft meidwaan sille. "As it dan tsien oeren langer drûch is wurde de tûkjes en lytse plantsjes ek brânber, noch hûndert oeren en de lytse beamkes ek en gean sa mar troch."
It natuerbrân-seizoen begjint hieltyd earder, dit jier al yn maart. Van der Kooij fertelt dat de brânwacht him oanpast oan dizze feroaringen.
Sa is der in spesjale ôfdieling foar natuerbrannen oprjochte en binne der nije weinen dy't al ridend blusse kinne.
Fjoer mei fjoer bestride
Yn guon lannen, lykas Australië, wurket de brânwacht tsjintwurdich mei previntyf ferbaarnen. Dêrby wurde stikjes bosk yn de winter of de maitiid fuortbaarnd sadat de drûge blêden en gers gjin kâns krije om letter in gefaar te foarmjen.
"Foar ús is dat de brânstof foar de simmer. As we dat previntyf fuorthelje kinne, ha we der simmerdeis gjin lêst fan."
Jos van der Kooij oer natuerbrannen
Hy seit dat de hannelwize ek foar de natuer in moaie tafoeging hat: it ferbrânde gers soarget derfoar dat de heide net mear ferkrongen wurdt en dus wer mear kâns krijt om te groeien.
Dan beseffe je dat it gefaar hjir like grut is as yn it bûtenlân.
Om minsken bewust te meitsjen fan de risiko's wurket de brânwacht oan hieltyd mear kampanjes.
Sa flyerje se bygelyks op campings om minsken te ynformearjen oer de falkûlen fan barbecueën en campingeigeners te fertellen dat dy skiedingshagen fan konifearen dochs net sa handich binne.
Bewust?
Dochs docht út in rûntsje yn de bosk fan Oranjewâld bliken dat lang net elkenien him dwaande hâldt mei mooglike boskbrannen. "Nee, ik heb wel eens een bosbrand zien ontstaan, maar ik denk er eigenlijk niet echt aan," seit in jonge kuierder bygelyks.
In oare fuotgonger fertelt dat er op fakânsje yn Grikelân ek in boskbrân meimakke hat. Alle natuerbrannen binnen de lânsgrinzen fan de ôfrûne dagen hawwe syn eagen iepene. "Dan beseffe je dat it gefaar hjir like grut is as yn it bûtenlân."