Kening slacht boppeslach yn Dokkum: "Willem-Alexander soe in goede foarynse wêze"
De Fryske sporten steane sintraal op de keninklike kuierrûte. PC-winners Marten Bergsma en Louise Krol binne oan it keatsen mei de kening. Bergsma leit wat út oer it muorrekeatsen.
De kening hat wolris earder keatst, wit Krol. Dat wie yn Frjentsjer.
Bergsma praat noch even mei Máxima. Hy fertelt dat it WK keatsen koartlyn yn Argentinië wie.
"Willem-Alexander soe in goede foarynse wêze", seit kommentator Harm Weistra.
Willem-Alexander en Máxima oan it keatsen