Omrop Fryslân

Grut blommekeunstwurk yn Ketlik moat aanst Finske flagge útbyldzje

It fjild dêr't aanst blommen op komme sille
© Cas Thijssen
Omdat de Finske stêd Oulu Europeeske Kulturele Haadstêd is wurdt der in grut blommekeunstwurk makke yn... Ketlik? Sa sit dat.
No leit it fjild der noch leech by, mar de blommen yn de foarm fan de Finske en Nederlânske flagge binne al ynsiedde.
Yn july moat it in wier keunstwurk wurde dat ek noch begelaat wurdt troch muzikanten út Nijhoarne. Tsientallen steane dan yn it fjild te spyljen.
"De bloemen zijn een stukje kunst en muziek is ook een kunst natuurlijk", seit Christel Thijssen fan it leanbedriuw dy't it projekt docht.
Hy spilet tafallich ek by muzykferiening De Vrije Fries út Nijhoarne. "Ik heb aan onze dirigent gevraagd: kunnen we dat niet samen oppakken?"
Christel Thijssen
© Omrop Fryslân
Yn Tsjechië wurdt in soartgelyk keunstwurk makke, as symboal fan de Europeeske konneksjes.

Muzyk yn de blommen

Op 4 july moatte de blommen der stean, dan sil ek De Vrije Fries yn it keunstwurk stean te spyljen. "Dat wurdt hartstikke moai", seit foarsitter Geartsje Gabriëlle Veenstra. de muzykferiening bestiet dit jier ek nochris 100 jier.
"Wy ha leden tusken de 8 en de 85 jier. Dus wy moatte foar dy dei ek even goed sjen nei hokker muzyk we spylje sille. It moat te spyljen wêze foar de jeugd, mar ek foar it A-, en B-orkest."
Dit fjild moat aanst de Finske flagge útbyldzje
Foar it projekt is in fjild fûn oan de Schoterlandseweg by Ketlik. "Dan kan straks iedereen het zien", seit Thijssen.
Mei gps en spesjaal sied is it hiele fjild útset sadat alle blommen ûngefear tagelyk bloeie.
"Het moet een mooi veld worden, de bloemen trekken straks ook weer bijen aan, dus het is ook wat extra's voor de natuur."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.