Omrop Fryslân

Friezen jouwe kening gemiddeld in 6,7; Máxima en Amalia krekt wat populêrder

De kening earder dizze wike by it Keningsdeikonsert
© RTV NOF, Bote Sape Schoorstra
Friezen hawwe in posityf, mar nochtere blik op de Nederlânske monargy. Dat de kening syn jierdei dit jier yn Fryslân fiert fine de measte Friezen wol moai.
Dat docht bliken út in resinte enkête fan Planbureau Fryslân, dy't hast 3.000 ynwenners fan Fryslân ynfolle ha.
Friezen beoardielen it Keninklike Hûs mei gemiddeld in 6,5. In foldwaande sifer, mar wol ûnder it lanlike gemiddelde. Mar 18% jout in sifer fan 5 of leger.
Hast 27% fan de ûnderfrege Friezen jout oan 'redelijk wat' of 'zeer veel interesse' te hawwen yn it Keninklik Hûs. 41% seit 'weinig tot geen interesse' te hawwen yn it Keninklik Hûs.

Undersyk útfierd troch Planbureau Fryslân

De enkête waard ynfolle troch 2.993 leden fan Panel Fryslân. De fragelist wie tusken 1 en 19 april 2026 iepen.
Panel Fryslân is in online burgerpanel fan likernôch 9.000 ynwenners, opset troch Planbureau Fryslân.
Mear ynformaasje kinst fine op it ûndersyksdashboard.
As it om yndividuele keninklike famyljeleden giet, krije keninginne Máxima en har dochter Prinses Amalia beide in sifer fan 7. Kening Willem-Alexander krijt in 6,7.

Froulju en âlderen mear entûsjast

Ut de enkête blykt fierder dat de grutste monargyleafhawwers yn Fryslân de 65-plussers en froulju binne, yn fergeliking mei manlju en jongerein.
As it oer ynteresse yn it keningshûs giet binne de 65-plussers mear ynteressearre mei 35-38%, twa kear sa heech as 35-minners mei 15%. 30% fan de froulju hat ynteresse, wylst dat persintaazje by de manlju op 24% leit.

Demonstraasjes op Keningsdei

De gemeente Noardeast-Fryslân hat op moandei trije oanmeldingen binnen krigen fan plande demonstraasjes tsjin de monargy.
Troch it oanmelden krije de demonstranten in sichtbere lokaasje op de rûte, "Binnen hoor- en zichtafstand van de koninklijke familie", neffens in wurdfierder fan de gemeente.
De krekte details fan de demonstraasjes binne net bekend. Republiek, it eardere Republikeins Genootschap, is wol fan doel om nei Dokkum te kommen om te protestearjen.
Oft der ek demonstraasjes organisearre wurde fanút Fryslân is noch net bekend.
Keninginne Máxima krijt fan froulju in 7,3 as wurdearringssifer, wylst manlju har in 6,7 jaan. Ynwenners jonger as 35 jouwe Máxima in gemiddeld in 6,7, wylst 65-plussers har in 7,2 jouwe.

Keningsdei yn Dokkum

De mate wêryn't ynwenners de lanlike fiering fan Keningsdei yn Dokkum yn mearwearde fynt hawwen, ferskilt minder tusken de groepen.
Hoewol't Friezen dus mei gematigd entûsjasme nei it Nederlânske keningshûs sjogge, fine de measten it wol moai dat de keninklike famylje de jierdei fan kening Willem-Alexander dit jier yn Dokkum fiere sil.
Keningsdei 2026 yn Dokkum
© RTV NOF/Omrop Fryslân
Oftewol, se sjogge de mearwearde fan it fieren fan Keningsdei yn Dokkum.
42% fan de ûnderfregen is it iens mei de stelling dat Keningsdei yn Dokkum mearwaarde hat. 18% fan de ûnderfregen is it hjirmei ûniens.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.