Omrop Fryslân

Milan van Ewijk skriuwt histoarje mei Coventry: âld-Hearrenfeaner giet nei de Premier League

Milan van Ewijk fiert it kampioenskip fan Coventry City
© ANP Foto
Ald-Hearrenfeanspiler Milan van Ewijk hat mei Coventry City promoasje nei de Premier League ôftwongen en dat is ek goed nijs foar sc Hearrenfean: de klup ûntfangt troch in bonusregeling sa'n ien miljoen euro.
Coventry City fersekere him ôfrûne freed op besite by Blackburn Rovers fan in weromkear nei de Premier League. Foar it earst yn 25 jier sil de klup wer yn aksje komme op it heechste nivo.

"Onze beurt"

Foar Van Ewijk fielt it allegear noch wat ûnwerklik. Mar no't promoasje in feit is, wol hy fol foar de titel gean.
Milan van Ewijk yn de Sportcast
"The job is not finished", sei Van Ewijk moandei. "We hebben aan één punt genoeg uit de laatste drie wedstrijden. Dus dat moet wel lukken."
Dy wurden waarden wierheid: op tiisdeitejûn waard thús mei 5-1 wûn fan Portsmouth en dêrmei is it kampioenskip in feit.

Lampard

Frank Lampard, de topskoarer aller tiden fan Chelsea, is sûnt novimber 2024 de trainer fan Coventry. Op dat stuit stie de ploech op it 17e plak.
Nei in net earder fertoande opmars kaam Coventry dat seizoen dochs yn de heale finale fan de play-offs foar Premier League-dielnimming telâne. Dêryn waard úteinlik ferlern fan Sunderland.
Toen mocht het niet zo zijn, maar nu is het onze beurt.
Milan van Ewijk
"Met Frank Lampard hebben we een trainer met een goede voetbalfilosofie", fertelt Van Ewijk.
"En we hebben jongens die echt bereid zijn om er hard voor te werken. Iedereen was dit jaar enorm gemotiveerd. Zeker als je meeneemt wat er vorig jaar is gebeurd in de halve finale. Toen mocht het niet zo zijn, maar nu is het onze beurt."
Kees van Wonderen, syn eardere trainer by Hearrenfean, is grutsk op Van Ewijk en fernuveret him net oer it sukses fan syn âld-spiler.
Milan van Ewijk skoart foar Hearrenfean
© Orange Pictures
"We hadden en hebben altijd een zwak gehad voor Milan", seit Van Wonderen. "Hij is ongelooflijk positief. Hij klaagt niet en zeurt nooit en geeft op de training altijd gas. Hij is sterk en snel. Hij heeft echt alle voorwaarden."

De kassa rinkelet

Troch de promoasje strykt sc Hearrenfean in bonus fan 1 miljoen euro op.
"Ik ga niet op bedragen in, maar het gaat om een significant bedrag", seit algemien direkteur Ferry de Haan. "Ik zat voor de televisie en als het dan gebeurt, dan word je de volgende dag met een glimlach wakker."
De Haan folget alle ûntwikkelingen om Van Ewijk hinne op de foet.
Mei AFC Bournemouth, Brighton & Hove Albion, Everton en Crystal Palace binne der mar leafst fjouwer klups út de Premier League dy't ynteresse hawwe soenen foar de fleugelferdigener.
"Alle pushberichten staan aan", seit in laitsjende Ferry de Haan.
As Van Ewijk dizze simmer ferkocht wurdt (syn skatte transferwearde leit om de 25 miljoen pûn hinne) dan krijt Hearrenfean nochris in trochferkeappersintaasje fan 10%.

Bân mei Van Wonderen

Van Ewijk tinkt mei wurdearring werom oan syn tiid yn Fryslân en yn it bysûnder ek oan syn bân mei Kees van Wonderen.
"Voor mij persoonlijk heeft Kees de basis gelegd dat ik nu in Engeland voetbal", fertelt Van Ewijk. "In de tijd dat hij mijn trainer was, heeft hij er altijd op gehamerd dat je hard moet werken en harder moet lopen dan de rest."
Van Wonderen reagearret mei in knypeach: "En wat moest je vooral doen?"
"Dat weet ik niet meer", jout Van Ewijk ta.
"Jij ging altijd als een speer naar voren en daarna?" freget Van Wonderen. Fuort kin Van Ewijk it him wer yn it sin bringe: "Oh ja, net zo hard weer terug."
Van Wonderen laket: "Precies."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.