Fryske skuldeaskers ûngeduldich: Waadsintrum Lauwerseach yn swier waar
It Wrâlderfgoedsintrum Waadsee (WEC) yn Lauwerseach sit yn finansjeel swier waar. In jier nei de iepening fan it prestizjeuze sintrum kin it de rekkens net mear betelje.
Tal fan bedriuwen en organisaasjes wachtsje al oant acht moannen op jild, sa skriuwt RTV Noord.
It sintrum iepene ein april ferline jier de doarren. De seehûneopfang fan Pieterburen krige der in nij plak en it oare part fan it gebou waard ynrjochte as Wadden Experience.
Ynterim-direkteur Hans Klopstra erkent dat der sprake is fan betellingsefterstannen.
"We werken aan een oplossing en zijn met een aantal leveranciers in gesprek over facturen voor de geleverde diensten en producten. In juli kunnen we hier meer over zeggen", ferklearret hy oan RTV Noord.
Klopstra is yn it deistich libben advokaat en hat sûnt jannewaris de lieding oer it WEC. De foarige direkteur, Bas Wemmenhove, sit siik thús.
Undernimmers foeterje yntusken oer de 'arrogante hâlding' dy't it WEC oannimme soe.
Neist it harrewarjen mei skuldeaskers leit it WEC yn 'e clinch mei in oantal partijen oer tsjinsten en produkten dy't levere binne.
Klopstra seit lykwols dat sokke petearen by nijbouprojekten fan dizze omfang "niet ongebruikelijk" binne.
It WEC jout foarearst gjin ynsjoch yn de finansjele sifers. Dus hoe grut oft it skuldbedrach echt is, is net bekend.
It jierferslach moat dêr mear dúdlikens oer jaan, dat komt neffens Klopstra foar july nei bûten.
Der wie ynearsten 27 miljoen euro begrutte foar de bou, mar de kosten kamen úteinlik út op 43,7 miljoen euro.
Om dat betelje te kinnen, sprongen it Waadfûns (mei 9,65 miljoen euro) en de provinsje Grinslân (mei 7,8 miljoen euro) by.
Mar it liket derop dat sels de 43,7 miljoen noch net genôch is.
Dijkstra Draisma
Ien fan de grutste skuldeaskers is Dijkstra Draisma, de haadoannimmer út Dokkum.
It bedriuw wol net sizze hoefolle jild oft it noch krije moat, mar ferskate ûndernimmers hawwe oan RTV Noord ferklearre dat dit noch mear as in miljoen euro is.
Direkteur Biense Dijkstra jout oan dat der gjin sprake is fan in konflikt. Hy hat radiostilte ôfpraat mei it WEC en seit him dêroan te hâlden.
In oare skuldeasker is Ynze Elzinga, direkteur fan Elzinga Wegenbouw yn Dokkum. Dit bedriuw fersoarge de oanlis en ynrjochting fan de bûtenromte fan it WEC.
Elzinga moat noch 190.000 euro fan it WEC krije, op in faktuer fan yn totaal mear as twa miljoen euro.
De direkteur seit dat er dit noch noait meimakke hat. "Wy moatte ek alle moanne ús rekkens betelje, mar ik haw der no jild foar liene moatten."
Elzinga heart net in soad fan it WEC. Hy stelt dat troch it net-ûntfongen jild de likwiditeit fan it bedriuw yn gefaar komt.
Elzinga skeakele Kuipers Weg- en Waterbouw út Dokkum yn as ûnderoannimmer, mar dy wachtet op syn beurt ek wer acht moannen op 20.000 euro.
It begryp is der lykwols wol. "Ik sil Elzinga net it mes op 'e kiel sette, ik begryp ek wol dat it WEC betelje moat", sizze se by Kuipers.
Ik kwalificeer het als een situatie die veel van mijn aandacht vraagt.
Oft ynterim-direkteur Klopstra him soargen makket? "Ik kwalificeer het als een situatie die veel van mijn aandacht vraagt", seit hy.
Klopstra fertelt dat er yn petear is mei gemeente Het Hogeland, mar it kolleezje fan dy gemeente wol der net in soad oer kwyt.
Dizze Grinslanner gemeente is flink belutsen by it WEC, ûnder oare mei in garantstelling foar in liening fan 9 miljoen euro fan de Nederlandse Waterschapsbank.
Dat bedrach moat ein 2028 betelle wurde. As it WEC dat net kin, dan draait de gemeente derfoar op.
De hoop is dat de ferkeap fan it âlde gebou fan seehûnesintrum Pieterburen finansjeel lucht biede kin.
It haventerrein
Direkteur Sander Wubbolts fan de haven fan Lauwerseach is fan betinken dat it wol goedkomt.
"Wat er nu staat, is te ambitieus om het op de fles te laten gaan. Ik heb alle hoop dat er een goede oplossing komt. Het is spannend voor een aantal partijen, maar er wordt aan alle kanten aan gewerkt."
It WEC pachtet de grûn dêr't it op stiet foar in part fan de haven. Mar ek dêr rint it WEC achter mei it beteljen.
Jelle Bos, eigener fan restaurant De Voormalige Noorman en Bos Marine Services, is der net oer te sprekken.
Der liket by it WEC amper ynteresse te wêzen yn it beheljen fan besikersoantallen, jout hy oan.
It rekket Bos finansjeel, want hy eksploitearret it parkearterrein fan it WEC. Bos seit dêr in ferlies op te draaien fan 50.000 euro.
Fierder seit hy dat it WEC him net oan ôfspraken hâldt. Sa binne taseine buorden en paadwizers noch hieltyd net pleatst.
"De eendracht van Lauwersoog, het idee dat we samen hier een mooie plek van maken, mist. Het is allemaal eenrichtingsverkeer", seit Theo Gerdes fan restaurant-hotel Schierzicht. Hy is ek foarsitter fan it doarpsbelang fan Lauwerseach.
Oantallen besikers
It oantal besikers leit neffens him op sa'n 100 deis. Dat makket de beloften net wier. "Ook op een regenachtige dag is het niet de trekpleister die het zou moeten zijn."
Ynterim-direkteur Klopstra ferwachter dat de teller ein april op 105.000 besikers stiet.
Hy fynt de soarch oer de besikersoantallen ûnterjochte, ek al bliuwe de oantallen achter by de eardere prognoaze fan 150.000 besikers.
Gerdes fynt dat it tiid wurdt dat it WEC tekst en útlis jout. Mar ynterim-direkteur Klopstra freget om geduld.