Mear drugslabs oprôle yn Fryslân: "Bûtengebiet oantreklik foar drugskriminelen"
It tal drugslabs dat yn Fryslân ûntdutsen is, is yn in jier tiid tanommen fan twa nei seis. De organisearre kriminaliteit lûkt mear nei it noarden fan it lân ta.
Dat docht bliken út it Nationaal Overzicht Drugslocaties 2025 fan de plysje.
Behalve yn Fryslân, naam it tal oprôle drugslabs ek yn Noard-Hollân ta fan 19 nei 25. Yn Drinte en Grinslân is sprake fan in lichte delgong.
By produksjelokaasjes giet it benammen om syntetyske drugs as amfetamine en MDMA, mar ek kokaïne en heroïne.
'Stevige labs'
"Wy treffe fan alles oan, mar in produksjelokaasje is foar kriminelen allinnich ynteressant as der yn in bepaald folume produsearre wurdt", seit Hendrik van der Veen, sektorhaad fan plysjedistrikt Fryslân.
"Dus wy sjogge dat it faak stevige labs binne."
Hjir waarden yn 2025 drugslabs fûn (klik hjir as de kaart net goed wurket):
Dêrmei wykt Fryslân ôf fan de lanlike trend: dêr is just in delgong fan it totale oantal produskjelokaasjes te sjen. Fan 167 yn 2024 nei 142 yn 2025.
Dy delgong folget op in jierrenlange stiging sûnt 2021.
Ferskowing nei Fryslân
De plysje tinkt dat kriminele organisaasjes harren aktiviteiten ferpleatse fan tradisjonele regio's as Súd-Hollân, Noard-Brabân en Limboarch nei oare dielen fan Nederlân, ek Fryslân.
"Bûtengebiet is it meast oantreklik foar drugskriminelen en dêr hat Fryslân in soad fan", seit Van der Veen.
"Hjir en dêr steane oantreklike leechsteande lokaasjes en dat makket dat it hjir ek bart."
Wol is lanlik te sjen dat produksjelokaasjes ek hieltyd faker yn wenwiken oantroffen wurde.
Yn hiel Noard-Nederlân waarden yn 2025 yn totaal trettjin produksjelokaasjes oantroffen. Dat oantal bleau lyk oan it jier derfoar.
Hoewol't de oantallen leger lizze as yn it suden fan Nederlân, binne dy sifers struktureel.
It liket derop dat Noard-Nederlân in fêst plak krigen hat yn it lanlike drugslânskip.
Minder himpkwekerijen
Wat himpkwekerijen oanbelanget is it ferhaal krekt oars. It tal kwekerijen dat ûntmantele waard, naam opnij ôf yn Noard-Nederlân. Yn 2025 waarden 66 kwekerijen oprôle, yn 2024 wienen dat der noch 76.
Foaral by de syntetyske drugs is in grutte ynternasjonale merk en dêrom binne dy labs ek oantreklik.
Dy delgong past binnen in lanlike trend. "Kriminelen sjogge altyd wêr't goed jild te fertsjinjen is", seit Van der Veen.
"Foaral by de syntetyske drugs is in grutte ynternasjonale merk en dêrom binne dy labs ek oantreklik."
Of bliuwe se ûnder de radar?
Dat hoecht lykwols net te betsjutten dat der echt minder himp tyld wurdt.
De delgong kin ek gearhingje mei legere opspoaringsprioriteit en beheinde kapasiteit by de plysje.
Mear drugsôffal dumpt
It oantal drugsôffaldumpings lit ek sjen dat der aktiviteit is yn ús provinsje.
Yn Fryslân waarden yn 2025 seis dumpings registrearre, in stiging yn ferhâlding ta eardere jierren.
"It is logysk dat dat ferbân hâldt. Dêr wêr't drugs produsearre wurdt, wurdt ek ôffal dumpt", seit Van der Veen.
Dat stiet yn kontrast mei it lanlike byld: yn hiel Nederlân naam it oantal dumpings ôfrûne jier just sterk ôf. Fan 217 nei 117 gefallen.
De dumpings foarmje in grut risiko foar natuer en folkssûnens, seit Van der Veen.
"It is hiel skealik ôffal, dat streekrjocht yn it oerflaktewetter of it rioel smiten wurdt, mar ek yn fetten earne delsmiten wurdt."
De labs sels binne ek gefaarlik, seit Van der Veen. "Der wurdt mei ûngelooflik gefaarlike stoffen wurke."
Eksploazjegefaar
De drugs wurde makke yn grutte tsjettels dêr't fjoer by brânt, wit Van der Veen. "En ast mei grutte hoemannichten aseton wurkest, hast eksploazjegefaar."
By de produksje fan drugs, en benammen syntetyske, komt faak ek geweld sjen.
"Dat hat op alle nivo's plak. Binnen de kriminele groepen, mar ek dêrbûten."
Opfallend is dat it oantal opslachlokaasjes foar gemikaliën en apparatuer yn Fryslân ôfnaam: fan seis yn 2024 nei twa yn 2025.
Dat kin neffens de plysje betsjutte dat de opslachaktiviteiten ferpleatst binne nei oare regio's of dat dizze better ferburgen binne.
Mear oandacht nedich
Mear produksjelokaasjes en dumpings meitsje it kristalhelder dat drugskriminelen Fryslân fûn hawwe. Mar wat dochst dêrtsjin?
It begjint by previnsje, seit Van der Veen: "Goed witte wat sa'n lokaasje oantreklik makket, wêrom oft minsken kieze om mei in krimineel yn see te gean."
'It rûkte frjemd'
De plysje docht dêrby foaral in berop op de alertheid fan de omjouwing.
"Faak fernimme wy dat de omjouwing achterôf seit 'ik fûn it al wat apart' of 'it rûkte frjemd'. Dy alertheid kinne wy goed brûke, dus meld dat foaral."