Omrop Fryslân

Dream LDODK bliuwt yn libben, Gordyksters winne twadde heale finale yn Bennekom

Sabine Verhoef
© Dijks Media
Kuorbalklup LDODK fan De Gordyk spilet in tredde, allesbelissende wedstriid yn de heale finale fan de lânstitel. Sneon wûn it yn Bennekom op besite by DVO mei 20-22.
It wie folop sfear yn de útferkochte sporthal fan Bennekom. LDODK moast winne om yn de race te bliuwen foar in plak foar de finale yn Ahoy.
De kuorballers fan De Gordyk ferlearen de earste wedstriid en moasten dat rjochtsette om net útskeakele te wurden.
De earste helte gie it lykop, dêr sil benammen LDODK fan baald ha. De Friezen misten fjouwer strafballen. Dêrmei wie de stân 8-8.
Nei it skoft namen Sabine Verhoef (5 goals), Ran Faber en Julian Frieswijk (4 goals) de klup by de hân en wûn LDODK. Dêrtroch bliuwt de dream fan de lânstitel bestean, LDODK wûn dy noch nea.
Tiisdei is de belissende tredde wedstriid op De Gordyk. Wa't wint, mei sneon 18 april nei de finale yn Ahoy.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.