Miljoenepriis falt yn Tytsjerksteradiel: winner pakt 4,4 miljoen euro
In ynwenner fan Tytsjerksteradiel is freedtejûn yn ien klap miljonêr wurden. Mei in fiifde lot yn de Staatsloterij Jackpot hat de winner rjocht op in bedrach fan 4,4 miljoen euro.
Yn de totale prizepot siet 22 miljoen euro belestingfrij. Dat bedrach is dus ferdield ûnder fiif winners. De priis foel op it lotnûmer GZ 27467. De oare winners fan de jackpot komme út Grins, Amsterdam, Leerdam en Venlo.
De identiteit fan de winners is net bekend makke. Neffens de Staatsloterij bliuwe de winners fan sokke grutte jildprizen anonym en wurde se begelaat en advisearre.
Earder al miljoenepriis yn Tytsjerksteradiel
De gemeente Tytsjerksteradiel is net ûnbekend mei grutte prizen. Op 1 jannewaris 2018 foel de PostcodeKanjer yn postkoadegebiet 9261 yn it doarp Eastermar, dêr't doe hast 54 miljoen euro ferdield waard.