Prúk krijt twadde libben by Stichting Pruijck op It Hearrenfean
Read hier, swart hier, griis hier, blond hier, koart, lang of kroljend hier. Kinst it sa gek net betinke of kinst it fine by de nije lokaasje fan Stichting Pruijck op It Hearrenfean.
Grut is it net. Dochs binne se der grutsk op. Yn it gebou fan stichting De Skulp, foar libje mei en nei kanker, is in romte ynrjochte mei in wrâld oan prûken, allegear netsjes delset op wite hollen.
Stichting Pruijck Hearrenfean
"Haarverlies is vaak een bijwerking van chemotherapie, maar het kan ook door de auto-immuunziekte alopecia komen", leit Inge van Gulden út. Sy is fan Stichting Pruijck.
"Je hebt dan een pruik nodig, maar die zijn best wel kostbaar, wel 800 euro of meer. Niet iedereen kan dat betalen."
Twadde libben
De prûken wurde donearre troch froulju dy't him sels net mear nedich hawwe. Sa kinne se trochjûn wurde oan froulju dy't se just wol nedich ha.
De stichting wol neat witte fan de term twaddehânsk. Leaver prate se fan in 'twadde libben' foar de prûk.
Hoe wurket it krekt?
Froulju kinne online in ôfspraak meitsje by Pruijck. Dy duorret in oere, sadat der alle tiid is om rêstich te sjen en te passen.
De prûk is fergees, mar der wurdt wol in 'donatie naar draagkracht' frege. Der is ek gjin ferplichting om de prûk letter wer yn te leverjen.
Van Gulden is freed, tegearre mei har kollega Ank Groeneveld, oanwêzich foar de feestlike iepening. It Hearrenfean is it tredde plak dêr't de stichting aktyf wurdt. Der binne al lokaasjes yn Bussum en Heerlen.
Yn prinsipe binne allinnich froulju wolkom. Dêr is in goeie reden foar, seit Van Gulden. "Niemand kijkt om als ze een kale man op straat zien lopen. Bij een vrouw die kaal is doe je dat wel. En dan denk je ook meteen 'oh, die is ziek'."
Fan 16 oant 96
Groeneveld follet dêrby oan dat se froulju fan 16 oant 96 jier âld sjogge. "Maar we zien wel dat jongere meiden er wat gevoeliger voor zijn. Die willen niet als ziek gezien worden. Die willen gewoon met haar naar hun werk of school, zonder dat je iets aan ze ziet."
Froulju krije net allinnich in prûk mei nei hûs. Se krije der ik in boarstel, in shampoo en conditioner by. "Zo kunnen ze het zelf keurig onderhouden."
"Het gaat uiteindelijk om een stukje waardigheid", konkludearret Van Gulden. "Vergeet niet, voor vrouwen is haarverlies echt iets emotioneels."
Se tinkt even nei en seit dan: "Meestal komen vrouwen wat gespannen binnen, en gaan ze lachend weer naar buiten. Dat is eigenlijk ons grote doel."