Omrop Fryslân

Fryske sikehuzen troffen troch hack by softwareleveransier pasjintedossiers; dit hâldt it yn

Nij Smellinghe yn Drachten is ien fan de sikehuzen dy't troffen is
© Nij Smellinghe
Stel: do wachtest op de útslach fan in bloedtest. Mar ast ynlogge wolst yn dyn dossier, dan komst der net yn. Dat is dizze wike de werklikheid foar guon Friezen.
Meardere sikehuzen fernimme de gefolgen fan de cyberoanfal by de leveransier fan in wichtich kompjûtersysteem yn 'e soarch.
It ropt in soad fragen op by de troffen pasjinten. Omrop Fryslân-presintator Earryt Sijens hat him yn de saak ferdjippe en leit út wat it krekt ynhâldt.

Wat is der krekt bard?

Begjin dizze wike waard bekend dat hackers ynbrutsen hawwe by de leveransier fan software foar pasjintedossiers. Dat bedriuw hjit Chipsoft.
It giet om software dy 't dokters en spesjalisten helpt om fan alles oer pasjinten by te hâlden: oer dyn medisinen, dyn útslaggen en dyn behannelhistoarje.
De hackers hawwe de software gizele en easkje losjild. De offisjele cyberbefeiligingstsjinst foar de soarch befêstige dat earder dizze wike.

Hokker Fryske sikehuzen brúke dizze software?

It giet om trije fan de fjouwer Fryske sikehuzen: Nij Smellinghe yn Drachten, it Antonius yn Snits én Frisius MC op It Hearrenfean.
Mar; it binne net allinnich de sikehuzen. Ek húsdokters en apotekers brûke de software. En tink ek oan it Radiotherapeutisch Instituut yn Ljouwert en Revalidatie Friesland, sy brûke allegear software fan ChipSoft.
Hackers hawwe ynbrutsen by ChipSoft
© Shutterstock
MCL - Frisius - yn Ljouwert hat yn dit gefal gelok: sy brûke in oar systeem.

Fernimme pasjinten dêr wat fan?

Yn guon gefallen al. Al wolle de sikehûzen hiel graach beklamje dat de soarch gewoan trochgiet. Dat is ek sa, mar guontiden mei wat tûkelteammen.
It pasjinteportaal fan Nij Smellinghe yn Drachten is sûnt trije dagen út foarsoarch offline set troch it sikehûs. Dus as pasjint kinst op dy wize efkes gjin útslaggen ynsjen, gjin fragelisten ynfolje en gjin ôfspraken besjen fia de online omjouwing.
Nij Smellinghe befêstiget oan Omrop Fryslân dat dokters omwegen nimme moatte om by gegevens fan pasjinten te kommen. Dêr 't dat gewoanwei fia de smartphone kin, is ek dy opsje no efkes útset. It is noch net wis hoe lang dat duorret.

Lizze myn persoanlike gegevens no op strjitte?

Dat is de grutte fraach dêr't noch gjin earlik antwurd op is. Chipsoft seit dat it "nei alle gedachten" tafalt, mar it ûndersyk rint noch.
Lanlik hawwe al 23 sikehûzen en húsdokters in offisjele melding fan in mooglik datalek dien by de privacywaakhûn.
It Antonius yn Snits seit freedtemoarn dat se noch yn oerlis binne mei oare sikehuzen oer sa'n melding. Sa'n melding is wetlik ferplichte binnen 72 oeren as der oanlieding foar is. Dy termyn rint jûn ôf.

Wa sit der achter ChipSoft en watfoar bedriuw is it eins?

Net folle minsken witte dat ChipSoft Fryske woartels hat. It is oprjochte troch heit Gerrit en soan Hans Mulder fan Grou. Underwilens beheart harren bedriuw de pasjintegegevens fan trijekwart fan alle Nederlânske sikehuzen.
Frisius MC op It Hearrenfean is ek troffen
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Mar it bedriuw hat al jierren in kontroversjele reputaasje. Sikehuzen dy't klage oer ChipSoft riskearje in boete fan fyftichtûzen euro, want se tekenje mei it kontrakt dat se neat nei bûten bringe.

MCL is bûten skot bleaun om't sy oare software brûke. Hat dat dan de goeie kar west?

MCL brûkt Epic, in Amerikaansk bedriuw út Wisconsin. Dizze wike hat MCL yndie gelok.
Yn Amearika rinne op it stuit wol meardere rjochtsaken fanwegen ûndersteld machtsmisbrûk. Deselde krityk as op Chipsoft hjir.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.