Peaskefjurren wer oanstutsen, fjoer yn Easterstreek wol 16 meter heech
Op ferskate plakken yn it súdeasten fan Fryslân binne sneintejûn de tradisjonele peaskefjurren oanstutsen. Yn Easterstreek wie de bult grutter as oare jierren.
It wie dan ek in flink fjoer. Dat komt om't it peaskefjoer foarich jier net oanstutsen wurde mocht fanwegen de drûchte.
De bult is it hiele jier lizzen bleaun en dit jier oanfolle mei nij materiaal. Se hawwe hjir fjouwer wiken mei dwaande west.
16 meter heech
"We weten niet precies hoe hoog de bult is. Maar twee van ons hebben er op gestaan en het een beetje uitgemeten. Het zal ongeveer 16 meter zijn", fertelt Julian Meijer.
Hy is fan de âldjiersploech d'Olde Togers dy't elts jier foar it peaskefjoer soarget.
Peaskefjoer
De bulte leit op in stik lân fan in boer. Der binne ferskate bankjes omhinne set dêr't minsken op sitte en achter steane. Fan bern oant âlderein. Der wurdt in pilske, in wyntsje of in friske dronken.
"Het is na de winter weer met elkaar wat drinken en even gezellig een praatje, gezellig onder ons", sa fynt ien fan de taskôgers.
Isabelle Meijer, foarsitter fan de d'Olde Togers, fertelt dat de regels wol stranger wurden binne.
"We hebben een heel aantal regels meegekregen vanuit de gemeente voor de vergunning. Er mogen bepaalde voorwerpen niet op zoals hard hout en dat soort dingen. Het moet echt natuurhout zijn en losse takken."
"Je mag geen aanmaakblokjes erop leggen, maar we hebben stro gebruikt om hem mee aan te steken."
Binnen in pear minuten stiet de bulte al yn 'e brân.
"Het geeft gewoon een heel vet gevoel dat hij zo mooi brandt en iedereen vindt het heel mooi!"